Beringlânbrêge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Beringlânbrêge tidens ûntgletsjeringstiidrek

De Beringlânbrêge, ek bekend as Beringje, wie in lânbrêge dy't ûnder de iistiden it tsjintwurdige Alaska en eastlik Sibearje mei inoar ferbûn. De lânbrêge is ferneamd nei Deenske ûntdekkingsreizger Vitus Bering, dy't yn tsjinst fan de Russyske tsaar begjin 19e ieu de kuststripen fan de Noardlike Grutte Oseaan yn kaart brocht.

De Beringstrjitte ferbynt de Tsjoektsjensee yn it noarden en de Beringsee yn it suden, beide ûndjipe wetters. Yn globale tiidrekken mei grutte kâldens, lykas de meast resinte iistiden, falt in protte wetter yn de foarm fan snie of iis op de iiskappen fan de Noard- en Súdpoal, wêrtroch it seenivo omleech giet en de seeboaiem bleat komt te lizzen.

Beringje hat om ferskate redenen fan betsjutting west, dêr't net it minst wichtige fan wie de minsklike migraasje fan Aazje út nei it kontinint Amearika om-ende-by 12.000 lyn oer de Beringlânbrêge. Ek bisten koenen troch de lânbrêge migrearje.

Troch it omheech en omleech gean fan it seenivo oer de hiele wrâld is de lânbrêge op ferskate tiden yn it Pleistoseen bleatlein. Der wurdt tocht dat Beringje bestien hat yn sawol de iisstiid fan 35.000 f. Kr. as de mear risintere iistiid fan 22.000-7000 jier tebek.