Aleksanderarsjipel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart Aleksanderarsjipel
Satellytfoto fan de Aleksanderarsjipel

De Aleksanderarsjipel is in eilannekloft fan 300 km lingte, foar de Noard-Amerikaanske kust fan Alaska. De arsjipel telt leafst 1100 eilannen. Djippe fuorgen en fjorden skiede de eilannen fan elkoar en fan it fêstelân.

De eilannen hawwe steile kusten en binne oerdutsen fan tichte nullebosken.

De meast grutte eilannen binne Chichagof, Admiraliteiteilân, Baranof, Wrangell, Revillagigedo, Kupreanof, Dall en Prins fan Wales-eilân (Alaska). Alle eilannen binne rûch en hawwe tichte bosken mei in soad wyld.

De Tlingit en Kaigani Haida binne de lânseigen folken fan it gebiet. De Tsimsjian fan Annette-eilân komme hjir net wei, mar binne emigrearre út Britsk Kolumbia yn de lette 19e ieu.

Ketsjkan op Revillagigedo en Sitka op Baranof binne de grutste plakken op de eilannen. Toerisme, fiskjen, en houtkap binne ekonomysk it meast fan belang foar de eilannen.

De eilannen waarden yn 1741 troch de Russen besocht en waarden letter ferkend troch Ingelân, Spanje, en de Feriene Steaten. De bûnthannel wie hjir wichtich yn de iere 19e ieu. It behear fan de eilannen gie yn 1867 oer fan Ruslân op de Feriene Steaten.

Neffens Donald Orth yn syn Dictionary of Alaska Place Names (s.64), krige de Aleksanderarsjipel syn namme fan de U.S. Coast and Geodetic Survey yn 1867. De eilannen binne neamd nei Tsaar Aleksander fan Ruslân.

On in kaart út 1860 fan Russysk Amearika (Alaska), wurde de eilannen Kening George III-arsjipel neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]