Aleksander II fan Ruslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alexander II

Alexander II Nikolajevitsj fan Ruslân (Russysk: Александр II Николаевич; Aleksandr II Nikolajevitsj) (Moskou, 29 april 1818Sint-Petersburch, 13 maart 1881), út it Hûs Romanov, wie tsaar fan Ruslân fan 1855 oant 1881. Hy wie teffens kening fan Poalen oant 1867 doe't it anneksearre waard troch it Keizerryk Ruslân en gruthartoch fan Finlân. .

Bewâld[bewurkje seksje | edit source]

Tsaar Nikolaj I stoar 2 maart 1855 sadat Alexander de nije Tsaar fan Ruslân en gruthartoch fan Finlân waard. It earste jier fan syn regear hie er it drok mei Krimoarloch dy't syn heit mei úteinset wie. Dy kriich waard yn 1856 einige mei de Frede fan Parys, wat betsjutte dat Ruslân de ferliezer wie. Hy kaam in protte minsken dy't herfoarmings woenen yn de mjitte: hy joech yn 1856 oan de desimbristen en skafte yn 1861 de liifeigenskip fan de boeren ôf en waard sadwaande yn Ruslân ferneamd as de "befrijder fan Ruslân". Dat die er lykwols fral út ekonomyske motiven. Alexander woe nammentlik in grutte klasse fan ûnôfhinklike en selstannige boeren skeppe en dêrnjonken in groep lju dy't ynstean koenen foar it yndustriële ferlet dat Ruslân hie. Teffens fierder er in beskieden selsbestjoer foar gemeenten en goaën yn, de zemstvo's. Dy waarden lykwols allinne talitten yn de sintrale dielen fan it lân meidat Alexander benaud wie dat hja separatistyske ideeën yn de grinskriten fersterkje soenen. Fierders ferbettere er de rjochtspraak, matige de parsesensuer en ferkoarte yn 1859 de tsjinstplicht yn it leger fan 25 nei 15 jier.

Hy sette feroarings troch yn it ûnderwiis. Tanksy him waarden yn de jierren sechtich fan de 19e ieu nije universiteiten oprjochte. Nettsjinsteande syn herfoarmingen yn it ûnderwiis bleau it analfabetisme yn Ruslân relatyf sjoen heech (sa. 80%). Tusken 1867 en 1869 fierde hy tsjerklike herfoarmingen troch. De oplieding fan de geastliken waard ferbettere en it tal prysters waard werombrocht. De tsaar-befrijder makke in ein oan it hanneljen nei eigen goedachtsjen fan fan de burokrasy en de polysje. Sa feroare Ruslân stadichoan fan in plysjesteat yn in rjochtssteat neffens Europeesk model.

Nei de twadde Poalske opstân yn 1863, dy't hy hurdhandich delslagge, waar syn polityk behâldender. Under syn bewâld hat Ruslân in grutte gebiedsútwreiding trochmakke, benammen yn Aazje. De tsaar betwong de opstannige stammen op 'e Kaukasus. Syn belied wie wie út en troch tsjinstridich, sadat de konservativen him te liberaal fûn, wylst de liberalen him wer te konservatyf fûn. De tanimmende oanslaggen fan de nihilisten beantwurde Aleksander mei hurde plysjemaatregels. Teffens liet er lykwols in soarte fan konstitúsje mei fertsjintwurdiging fan de zemstvo's by it regear ûntwerpe. Deis nei't er dat plan goedkart hie, waard er nei seis earder mislearre oanslaggen it slachtoffer fan in bomoanslach troch de revolúsjonêre Narodnaja Volja. Hy rekker swier ferwûne en stoar nei in kertier. Hy waard opfolge troch syn soan, de konservativere Aleksander III, dy't by it ferstjerren fan Aleksander II wie. Dy moard hie fan gefolgen dat de nije tsaar it plan foar de nije konstitúsje ferskuorde.

Op 13 septimber 1855 waard Alekander II ta Grutkrus yn de Militêre Willems-Oarder beneamd. Kening Willem III beneamde yn itselde beslút ek Keizer Napoleon III ta Ridder-Grutkrus. De beide keizers wienen fijannen yn de Krimoarloch; Nederlân wie neutraal.

Houliken[bewurkje seksje | edit source]

Tsaar Aleksander II boaske twaris: yn 1841 mei Marie fan Hessen-Darmstadt (Maria Aleksandrovna), (offisjeel) dochter fan Loadewyk II fan Hessen-Darmstadt. Hja krigen acht bern.

Aleksander hie ek in protte maîtresses en waard heit fan sân ûnechte bern. Op 6 july 1880, skraachwurk in moanne nei de dea fan tsarina Marie Alexandrovna op 8 juny, troude Aleksander II wer. Doe mei syn maîtresse Catharina Dolgorukaja, by wa't er al fjouwer bern oanset hie: George (1872-1913), Olga (1874-1925), Boris (1876 - 1876) en Catharina (1878-1959).

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Edvard Radzinski, (2006) Alexander II, De laatste grote tsaar (oersetter Fred Hendriks), utj. Balans, 446 siden., ISBN 90-5018-770-6
  • David G. Rowley, (2006) Exploring Russia's Past: Narrative, Sources, Images