Russysk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Russysk-Otterdokse Tsjerke
offisjele namme: Русская Православная Церковь
Russkaja Pravoslavnaja Cerkov’
Russysk-Otterdokse Tsjerke
jier f. stifting: 988
jier f. ûnôfhinkl.: 1448
erkenning: 1589 troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel
titel f.d. primaat: patriarch fan Moskou
sit f.d. primaat: Moskou (Ruslân)
liturgyske taal: Tsjerkeslavysk
ledetal: 150.000.000 (2011; neffens eigen sifers)

De Russysk-Otterdokse Tsjerke (Russysk: Русская Православная Церковь, Russkaja Pravoslavnaja Cerkov’), ek wol bekend as de Otterdokse Kristlike Tsjerke fan Ruslân, is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't fanâlds de steatstsjerke fan Ruslân is. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Moskou en yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de leginde is de Russysk-Otterdokse Tsjerke stifte troch de apostel Andréas, dy't oan 'e ein fan 'e earste ieu Skysje en de Grykske koloanjes oan 'e noardkust fan 'e Swarte See besocht hawwe soe. Yn wurklikheid moat de stifting lykwols takend wurde oan grutfoarst Wladimir de Grutte, dy't de tsjerke yn Ruslân fêstige troch yn 988 syn ryk, Kiëv-Rus, te kristenjen. Yn 1448 waard it patriargaat fan Moskou ûnôfhinklik fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, mar it duorre noch oant 1589 foar't de partriarch fan Konstantinopel dy ûnôfhinklikens ek tajaan woe en Moskou as fyfde eastersk-otterdokse partriargaat (nei Konstantinopel, Aleksandrië, Antiochië en Jeruzalim) erkend waard. Nei't Konstantinopel yn 1453 yn Turkske hannen fallen wie, begûnen de partriargen fan Moskou harsels wat langer wat mear as feitlik lieder fan 'e gruttere Eastersk-Otterdokse Tsjerke te beskôgjen en de oekumenyske patriarch yn it troch de moslims besette Konstantinopel inkeld as it symboalysk haad. Moskou waard doe "it Trêde Rome" neamd (nei Rome sels en Konstantinopel). Dy sitewaasje en dat selsbyld duorre fuort oant nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 de kommunisten yn Ruslân oan 'e macht kamen. Under it Sovjet-rezjym hie de Russysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, net allinnich troch druk fan bûtenút, mar teffens fanwegen ynterne reboelje. Ferskate tsjerkeskuorrings datearje út 'e iere Sovjet-tiid. Boppedat skate de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten de Sovjet-Uny him ôf fan 'e ûnder kommunistysk tafersjoch steande memmetsjerke.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de ein fan 'e Kâlde Oarloch en it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Ruslân syn âlde posysje fan steatstsjerke grutdiels wer werom witten te winnen. Yn 'e mande mei alle autosefale tsjerken ûnder syn bewâld hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke wrâldwiid likernôch in ledetal fan 150 miljoen; dat is likefolle as alle oare eastersk-otterdokse tsjerken mei-inoar. (Al moat dêrby oantekene wurde dat dat sifers binne fan 'e Tsjerke sels; oare boarnen skatte it tal leauwenden folle leger yn, en komme dêrby bgl. út op in 60 miljoen Russysk-otterdoksen yn Ruslân.) Under alle kristlike tsjerken stiet de Russysk-Otterdokse Tsjerke kwa oantal leden op it twadde plak, nei de Roomsk-Katolike Tsjerke. Neffens sifers út 2010 beslacht de Russysk-Otterdokse Tsjerke 160 bisdommen mei 30.142 parochys, betsjinne troch 207 biskoppen, 28.434 preesters and 3.625 diakens. Fierders binne der 788 kleasters, mei dêrûnder 386 for mûntsen en 402 foar nonnen.

De Russysk-Otterdokse Tsjerke en ûnderhearrichheden[bewurkje seksje | edit source]