Sink

Ut Wikipedy
Sink

Sink is in skiekundich elemint mei symboal Zn en atoomnûmer 30. It is in blau/wyt oergongsmetaal.

Untdekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sinklegearings wurde al iuwenlang brûkt. Yn Palestina en it eardere Transsylvaanje binne objekten fûn dy't oant 87% út sink besteane en komme út 1400 f.Kr. Om it jier 1000 hinne waard yn Yndia al sink raand en foar in part suvere. Oan de ein fan de 14e iuw koenen Hindoestanen sink ûnderskiede fan doe al bekende oare metalen. Yn de Westerske Wrâld wurdt de ûntdekking fan sink meast taskreaun oan de Dútser Andreas Sigismund Marggraf yn it jier 1746. Hy joech it metaal de hjoeddeiske namme 'sink'.

De reden dat men yn Europa pas yn de 18e iuw sink meitsjen learde, wylst messing ("giel koper"), in legearing fan koper en sink, al iuwenlang bekend wie, leit yn swierrichheid om dit metaal. Sink wurdt nammentlk al by betreklik lege temperatuer (907 °C) gasfoarmich. Yn de ûnen dêr't sinkerts mei koalstof yn hjitmakke wurdt, hat it metaal dus de niging om yn gasfoarmige tastân mei de útlaatgassen te ûntsnappen. Mar as der lykwos in mingsel fan kopererts en sinkerts brûkt waard, waard de sinkdamp daliks yn it floeibere koper oplost. Dêrom wie it meitsjen fan messing gjin probleem. Yn Yndia en Sina wie al om 1100 ûntdekt dat men it metaal winne koe troch in relatyf kâld foarwerp (bg. in ierdewurken pôt) yn de gasfoarch sin befetsjende útlitgassen te stekken. De sinkdamp slaat dan op dit foarwerp del. Tusken 1600 - 1750 waard sink (yn betreklik lytse hoemannichten) út Yndia en Sina nei it op dit punt technologysk "efterlike" Europa eksporteare.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de yndustry wurdt sink meast tapast yn leagearings. Inkel tapassings:

  • Beskerming tsjin korroazje troch fersinken
  • Foar messing, sulvernikkel en soldeartin
  • Yn batterijen
  • Yn in balansearringsgewicht op de stielen felch fan in auto. It wurdt faak lead neamd, mar it is sink dat as in miljeufreonlike ferfanger brûkt wurdt.
  • Sinkokside wurdt yn de ferveyndustry brûkt as kleurstof
  • Yn de genêskunde wurdt sinkoksidebrûkt as wurksum ûnderdiel fan ferskate salven by ekseem. It hat in yndrûgjende, ferkuoljende en gearlûkende wurking
  • By de bewurking fan rubber wurdt sinkokside as katalysator brûkt
  • Yn de organyske gemy wurdt dimetylsink (Zn(CH3)2) brûkt troch ferskate sytezes.

Sink is in wichtich biologysk spoare-elemint.

Opmerklike eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It metaal is blauwich wyt en reedlik stabyl oan de loft, hoewol't it readhit baarne kin. It is in frij goede gelieder en it is yn ferhâlding frij flechtich: it kôkpunt leit by mars 907 °C. Sinkgemy wurdt behearske troch de 3d104s2 konfiguraasje fan it metaal. De 3d-skyl is fol en gedraacht him by sink foar it earst hielendal as binnenskyl. XPS (X-ray Photoelectron Spectroscopy) lit sjen dat de 3d elektroanen ûngefear 10 eV ûnder it Fermi-nivo lizze. Dêrtroch binne allinnich de twa 4s elektroanen beskikber foar wikselwurking mei oare atomen en gedraacht it elemint him as in post-oergongsmetaal (in haadgroepmetaal). It oksidaasjegetal is allinnich +2 en kwa gemyske eigenskippen liket it wat op magnesium, hoewol't it metaal in stik edeler is.

Yn de omjouwing fan sinkminen of oare sinkhâldende grûn ûntwikkelt him soms in spesjale plantegroei, de sinkfloara. In foarbyld hjirfan is it sinkfioeltsje.

Ferskining[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sink waard yn Yndia al yn de 13e iuw út it mineraal kalamyn wûn troch it mei organysk materiaal (wol) te ferhjitsjen. It komt frij folle foar yn ertsen as sfaleryt (of sinkblende, ZnS), smitsonyt (in karbonaat) en kalamyn (in silikaat).

Isotopen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meast stabile isotopen
Iso RA (%) Ferfaltiid FF FE (MeV) fP
64Zn 48,6 stabyl mei 34 neutroanen
65Zn syn 244,26 d EF 1,351 65Cu
66Zn 27,9 stabyl mei 36 neutroanen
67Zn 4,1 stabyl mei 37 neutroanen
68Zn 18,8 stabyl mei 38 neutroanen
70Zn 0,6 5×1014 j ?? 6,739 ????

Yn de natuer komt sink op ierde as fjouwer stabile isotopen foar: 64Zn, 66Zn, 67Zn en 68Zn, wêrby't 64Zn mei 48,6% it grutste diel útmakket. Dêrneist kinne der 22 radioaktive isotopen ûnderskieden wurde mei ferfaltiden wikseljend fan inkele milisekonden oant rom 244 dagen foar 65Zn.

Toksikology en feilichheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metallysk sink is net fergiftich, mar sinkoksiden moatte wol as fergiftich beskôge wurde. Ek binne sinkioanen yn oplossing frij fergiftich.

  1. Solar Hydrogen Production from a ZnO/Zn Thermo-chemical Cycle
  2. Project PD10
  3. Novel Method for solar hydrogen generation