Tsûnamy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsunamy fan 26 desimber 2004 op de kust fan Tailân

In tsûnamy is in searje fan baren, ûnstean troch in ynoarme en hommelse wetterferpleatsing. Seebevings, ierdferskowings, fulkaanútbarstings en de ynslaggen fan meteoriten kinne ynienen sa folle wetter ferskowe dat in tsûnamy ûntstiet. As de baren by de kust komme wurdt dy ynienen en ferneatigjend oerstreamd.

It wurd "tsûnamy" komt út it Japansk, en betsjut haven - baar. Dat is om't in Tsûnamy op see hast net sichtber is, trochdat de weachlingte hûnderten kilometers lang wêze kin. Foar in skip op see is it allinich in soartemint fan bulte yn it wetter, dêr't de see net mear as in meter heger is. Earst dêr't it wetter ûndjip wurdt wurdt de weachlingte koarter en wurde de toppen heger. As de baren op de kust rinne kinne se tsientallen meters heech wêze, en nei't de earste baar beskermings ferneatige hat, kinne de folgende baren grutte skea bringe. It gewicht fan it wetter is grut genôch om fêste objekten, lykas gebouwen, tetriuwe te kinnen, en losse objekten, lykas skippen, kilometers it efterlân yn te triuwen.

De measte Tsûnamys binne yn de Stille Oseaan, mar se kinne oeral foarkomme. Op 26 desimber 2004 wie in seebeving by Yndoneezje ferantwurdlik foar in searje tsûnamys op alle kusten fan de Yndyske Oseaan, mei yn totaal mear as 160.000 deaden.