Tucson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tucson
TucsonDerivative.png
Sifers
Ynwennertal 520,116 (2010)
Oerflak 505,3 km²
Befolkingstichtens 1.078,8/ km²
Stêdekloft 1.020.200
Hichte 728 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arizona
County Pima County
Oar
Tiidsône MST (UTC-7)
Koördinaten
Webside Offisjele webside Tucson
Lizzing Pima County mei Tucson yn Arizona

Tucson (sis: /ˈtusɑn/) is in stêd yn it súdlik part fan de Amerikaanske steat Arizona. It is it haadplak fan Pima County. Tucson leit 217 kilometer súdeast fan Foeniks, de grutste stêd fan de steat. De namme fan de stêd komt fan it O'odham-wurd Cuk Şon, dat 'swart foarberchtme/basis' betsjut, in ferwizing nei it fulkanysk berchtme bewesten de stêd.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

It gebiet om Tucson wie al 12.000 f. Kr. fan de Paläoyndianen bewenne. Tichtby it stedssintrum fan Tucson waarden oerbliuwsels fan in doarp út sa'n 1000 f. Kr. fûn. Tusken 1200 f. Kr. en 150 n. Kr. waard yn de omkriten fan Tucson lânbou bedreaun. De stêd is dêrom ien fan âldste oanhâldend bewenne plakken yn de Feriene Steaten. De doetiidske bewenners leine yrrigaasjekanalen oan om har stynske weet en beannen bouwe te kinnen. Tusken 600 en 1450 n. Kr. hearske de Hohokamkultuer yn it gebiet.

Yn 1699 stichte de Spaanske jezuïet Eusebio Fransisko Kino in missypost (Mission San Xavier del Bac) yn it gebiet. De Spanjerts bouden der yn 1776 ûnder lieding fan Hugo O'Conor in fort (presidios) en de stêd dêr omhinne waard Tucson neamd. Tucson waard in Meksikaanske stêd neidat Meksiko yn 1821 ûnôfhinklik fan Spanje waard. Nei de Gadsdenoankeap fan 1853 waard de stêd Amerikaansk besit.

Fan 1867 oant 1877 wie Tucson de haadstêd fan it Territoarium Arizona. Yn 1885 waard dêr de Universiteit fan Arizona stifte. Nei de Twadde Wrâldkriich joegen in protte eks-militêren har del yn Tucson en doe't de air conditioning opgong makke hie, lutsen hieltyd mear minsken nei Tucson mei syn hjitte klimaat. De befolking waakste fan 8.000 yn 1880 nei 120.000 yn 1950 en 220.000 yn 1960.

Untjouwing befolking [bewurkje seksje]

Jier Ynwennertal
1880 ca. 8.000
1950 120.000
1960 220.000
1980 330.538
1990 411.480
2000 486.699
2005 515.526

Klimaat [bewurkje seksje]

Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 10,7 °C, yn july is dat 30,3 °C. Jierlikske delslach is trochstrings 304,8 mm (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Partnerstêden [bewurkje seksje]

Berne yn Tucson [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]