West-Afrika

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De lizzing fan West-Afrika yn it wrâlddiel Afrika (sûnder Mauretaanje.

West-Afrika is de loskes definiëarre westlike geografyske regio fan it wrâlddiel Afrika. Dit gebiet wurdt yn 'e regel begrepen as besteande út 15 ûnderskate lannen, deselden dy't mei-inoar de Ekonomyske Mienskip fan Westafrikaaanske Steaten (ECOWAS) foarmje. Soms wurdt dêr Mauretaanje noch oan tafoege, mar meastal net.

Lannen dy't ornaris ta West-Afrika rekkene wurde:

Inkeld komt dêr noch by:

Mei-inoar hat West-Afrika in oerflak fan krapoan 5.113.000 km², en in befolking fan likernôch 340 miljoen minsken, mei in befolkingstichtens fan 49,2 minsken de km². Hoewol't der hûnderten ferskillende talen sprutsen wurde, binne der mar trije offisjele talen: Ingelsk, Frânsk en Portegeesk. West-Afrika hat fierders in mienskiplike skiednis dy't tebek giet op 'e grutte riken dy't yn it prekoloniale tiidrek yn it gebiet fêstige wiene, fia de kolonisaasje troch Grut-Brittanje, Frankryk en Portegal (behalven yn it gefal fan Libearia) en fierder sûnt de dekolonisaasje oan 'e eins fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechtich en santich fan 'e tweintichste ieu.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.