1667
Ut Wikipedy
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e
Jierren: 1662 - 1663 - 1664 - 1665 - 1666 - 1667 - 1668 - 1669 - 1670 - 1671 - 1672
[bewurkje seksje] Foarfallen
- Yn de oarloch tusken de Nederlannen en Ingelân wurdt it súdeasten fan Ingelân blokkearre.
- Essequebo, Pomeroon en Tobago wurde troch de WIC werovere. In Sieuske ekspedysje mei sân skippen ferovert it Ingelske fort Paramaribo yn it sûkerrike Suriname.
- Loadewyk XIV ferskerpet de tariven tsjin de Nederlânske handel en falt de Spaanske Nederlannen binnen.
- By Dendermonde is Loadewyk XIV twongen him fanwege oerstreamings werom te lûken.
- 12 juny - Jean Baptiste Denis en Paul Emmeretz fiere de earste bloedtransfúzje by in mins út. Hy brûkt bloed fan ien laam.
- 16 juny - Troch de Steaten-Generaal fan Nederlân wurdt oktroai ferliend oan Kristiaan Huygens foar it troch him útfûne slingeroerwurk.
- 17 juny - In Nederlânske float ûnder De Ruyter sylt de Medway op, ferbaarnt fiif oarlochsskippen en sleept it flaggeskip fan de Ingelsken fuort.
- 6 july - Dowaai falt yn hannen fan Loadewyk XIV.
- 31 july - De Frede fan Breda wurdt sluten. Se moat in ein meitsje oan de Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch.
- 5 augustus - Engeland tekent de Frede fan Breda. Ingelân hâldt New York, mar jout Sint Eustatius en Saba werom. HIt jout Suriname oer en Cormantijn, in basis yn West-Afrika. It fersoepelt de Akte fan Navigaasje en jout syn kleem op Pola Run yn de Banda eilannen op. Dit is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar riedspinsjonaris Johan de Witt.
[bewurkje seksje] Berne
- 30 novimber - Jonathan Swift, Ingelske skriuwer († 1745)
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 18 juny - Louise Henriëtte fan Nassau, wie troud mei keurfoarst Freark Willem fan Brandenburch (* 7 desimber 1627)
Jierren: 1662 - 1663 - 1664 - 1665 - 1666 - 1667 - 1668 - 1669 - 1670 - 1671 - 1672
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e