Medway (rivier)

Ut Wikipedy
De rivieren yn it greefskip Kent
De spoarbrêge foar de hegesnelheidsline Parys-Londen en de twa autodykbrêgen.

De Medway is in rivier yn Ingelân fan 112 km dy't rint fan it greefskip West-Susseks, troch Tonbridge, Maidstone, Aylesford en Rochester yn it greefskip Kent nei de Teems.

Oant 1746 koe net fierder fearn wurde as Tonbridge, mar yn 1828 waard de befarberheid ferbettere oant Leigh.

De Medway ferdielt it greefskip Kent yn twaen, yn in eastlik en in westlik diel. Pas yn 1814 waard it greefskip gearfoege.

Yn 2003 waard in 1,3 km lange spoarbrêge foar de hegesnelheidsline Parys-Londen oanlein by it plakje Cuxton. In autowei (M2) rint der bylâns.

De Medway is ferneamd wurden yn de Twadde Ingelske Oarloch yn 1667 doe't in float ûnder lieding fan Michiel de Ruyter de Medway opfear en de Ingelske float dy't dêr oplein wie foar in part yn de brân stuts: de befaamde Tocht nei Chatham.

Yn 1942 waard dêr de earste ûnderseeske oaljepiiplieding oanlein by Operaasje Pluto (Pipe-Lines Under The Ocean).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory River Medway fan Wikimedia Commons.