Jan Oostervelt

Ut Wikipedy
Jûnsmielbeker yn FSM

Jan Melghers Oostervelt, (Harns, 1583 - Ljouwert, 1667) wie in sulversmid. Hy waard op 29 jannewaris 1667 begroeven yn 'e Westertsjerke.

Yn 1661 waard er master sulversmid yn Ljouwert. Deputearre Steaten fan Fryslân beneamden him yn 1623 ta "ijsersnijder" yn de munt. In 1639 folge syn beneaming ta it "wardijschap van de Munte". Hy wie hopman yn 1629, swarde "gemeensman", froedsman (1657-1667) en skepen. Hy makke knottedoaskes, bekers, leppels en jûnsmielbekers. Sa wurdt in jûnsmielbeker mei foarstellings fan de Dordtske synoade en ûnder oare Johannes Bogerman fan Oostervelt bewarre yn it Frysk Museum. Yn 1631 makke er foar de herfoarme tsjerke fan Easterwierrum in jûnsmielbeker. Oostervelt makke ek jûnsmielbekers foar Koarnjum, Himpens en Holwert. Oan de bopperâne stiet gravearre: Deesen. drinckbeker. is het. nieuwe testament. in. mijnen. bloede. 1 Cor. 11 vers 25. Anno 1631. Ghemaackt van een paapsken, kelck was olt Ao. 1319: Vernieut. ende. gheheylicht. tot. den. dienst. des. Heeren. Ao. 1631. Dy beker wurdt bewarre yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: