Allegheny (rivier)

Ut Wikipedy
Rin fan de Allegheny en streamkrite

De rivier Allegheny (Allegheny River) is in sydrivier fan de Ohio yn it easten fan de Feriene Steaten. De boarne fan de Allegheny leit yn Potter County (Pennsylvania). De rivier is 523 kilometer lang, rint in stikje troch de steat New York, mar streamt foar fierhinne it grutste part troch de steat Pennsylvania.

By de stêd Pittsburgh mûnet er yn de rivier Ohio út. De 110 km tusken Pittsburgh en East Brady binne befarber. De Allegheny hat acht sluzen en damen, dy't likefolle opslachmarren fan gefolgen hawwe.

De delling fan de Allegheny hat yn de rin fan de tiid in protte fossile branje opsmiten, stienkoal, ierdoalje en ierdgas.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]