Frede

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Peace dove.svg

It begryp frede, in tastân fan rêst, wurdt faak yn ien sike neamd mei in tsjindiel, oarloch. It Fryske wurd frede betsjutte yn earder tiden (± 1200) wetlike beskerming tsjin wapengeweld, wêrút dy tsjinstelling noch ris blykt.

Mei in fredesferdrach wurdt de oergong fan oarloch (wapenstilstân) nei frede oanjûn, mei in oarlochsferklearring it omkearde. Fredesferdraggen dy't yn in bepaald plak tekene wurde, krije bytiden as namme Frede fan ... (fol it plak yn, bygelyks 'Versailles'). De wittenskip dy't prosessen bestudearret dy't ta frede liede moatte en dy yn stân hâlde moat, is de irenology (synonym fan polemology). De namme is ôflaat fan it Grykske wurd foar frede: eirene.

Op akademysk nivo wurket (yn Nederlân) de Stichting Fredeswittenskippen oan in rûnte fan learstuollen, wêrby't elke ôfsûnderlike learstoel problemen om konflikt en frede fanút syn eigen ynfalshoeke beljochtet en wêrfan it de bedoeling is dat se mei elkoar mear oanknopingspunten biede om fredeskwestjes op in wittenskiplike wize te benaderjen.

Sûnt 1901 wurdt jierliks de Nobelpriis foar de Frede takend.

Yn bepaalde talen, lykas it Arabysk en Hebrieusk, is it wenstige elkoar te begroetsjen mei it wurd foar frede, salaam respektyflik sjalom, of in sin dêr't frede tawinske wurdt.

Fan it Latynske wurd foar frede, pax, binne nammen foar meardere begripen ôflaat, lykas pasifisme, de filosofy dy't geweldleasheid en frede neistribbet.

Fredessymboalen[bewurkje seksje | edit source]

Ynternasjonaal fredessymbool[bewurkje seksje | edit source]

Peace symbol.svg

In sirkel mei in fertikale streek yn de midden fan wêrút twa skeane streken nei beide siden rinne is in ynternasjonaal symboal foar frede. It waard earst brûkt yn protestdemonstraasjes tsjinatoomwapens en kearnenerzjy.

It symboal waard ûntwurpen yn 1958 troch Gerald Holtom, in Britse ûntwerper en keunstner. Hy die dit yn opdracht fan in kampanje foar kearnûntwapening. It symboal is ôflaat fan de "Semaphore Flag Signalling System". De fertikale streek is "D" foar "Disarmament" en de twa skeane streken nei beide siden binne "N" foar "Nuclear", "U" foar "Unilateral".
It teken kin ek sjoen wurde as in libbensbeam dy't op'e kop stiet, ofwol “De wrâld stiet op'e kop”.

Hippys brûkten dit teken faak as symboal foar harren stribjen nei in geweldleaze mienskip. It teken wie ek it logo fan de eardere Nederlânske politike partij PSP.

Guon tsjinstanners fan de antikearnwapenbeweging stelden dat it Ban-de-Bom teken ôflaat wie fan it satanteken en runetekens fan de SS.

Do mei oliiftuke[bewurkje seksje | edit source]

In kristlik symboal foar frede is de do, al as net mei in oliiftûke yn de snaffel, dy't faak de fredesdo neamd wurdt. It symboal is basearre op it ferhaal fan Noach yn de Tenach en dêrmei it Alde testamint yn de Bibel, dêr't de do krekt in oliifblêd werombrocht nei de Arke.

Sûnt 1967 fiert de RK-Tsjerke op 1 jannewaris de Wrâld Frede Dei, wêryn oproppen wurdt ta frede foar de heule wrâld.

Reinbôge[bewurkje seksje | edit source]

Yn it joadendom is de reinbôge út itselde ferhaal earder in symboal fan frede.

V-teken[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek: V-teken

In tagelyk opstutsen wiisfinger en middelfinger, dy't sa in V foarmje, is in teken dat ek wol ris frede útdrukt. It lêste wurdt troch it hiele Midden-Easten, Noard-Amearika en it Feriene Keninkryk earder as teken fan oerwinning brûkt. Yn dy ferzje stiet de letter 'V' foar Victory.

Reinbôgeflagge[bewurkje seksje | edit source]

De reinbôgeflagge as flagge fan de frede hat syn oarsprong yn Itaalje. Hy waard foar it earst brûkt by in fredesmars yn 1961 en waard populêr troch de kampanje Pace da tutti i balconi ("Frede fan elk balkon ôf") yn 2002, tsjin de oarloch yn Irak. De flagge bestiet út sân kleurde flakken, fan boppen nei ûnderen fiolet, yndigoblau, azuerblau, grien, giel, oranje en read, mei yn de midden yn wite letters it Italjaanske wurd PACE ("frede"). De fredesflagge wurdt no ynternasjonaal sjoen as symboal fan de fredesbeweging.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: