Gefjochtswapen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In gefjochtswapen is in stik ark dat brûkt wurdt om minsken, bisten of foarwerpen te ferwûnjen/beskeadigjen of te deadzjen. It kin brûkt wurde as oanfals- of ferdigeningsmiddel. Al sûnt it begjin fan de minsklike skiednis hawwe minsken wapens brûkt foar de jacht, selsferdigening en oarlochsfiering.

Wapens kommme foar yn alle soarten en mjitten. Se kinne tige ienfâldich en spotgoedkeap wêze, lykas in houten kneppel of in slinger, of heechtechnologysk en rottekrûddjoer, sa as in krúsraket. Hast alle hurde, skerpe, stompe en swiere foarwerpen kinne as wapen brûkt wurde. Ynsidinteel wurde deiske foarwerpen omboud ta wapen, lykas in sjitbalpinne, in sjitparaplu of sjitkaaihingers dêr't in kûgel mei ôffjurre wurde kin. In motorreau kin brûkt wurde om mei opsetsin te deadzjen, ferwûnjen of beskeadigjen troch oanriding. Sels minsklike lichemsdielen kinne as wapen brûkt wurde, dat wurde natuerlike wapens neamd, en it brûken derfan wurdt oefene by selsferdigeningskeunsten en fjochtsporten. In soad biste- en plantesoarten hawwe 'ynboude' wapens, lykas giftosken of al as net giftige angels en stikels of toarnen.

It grutste diel fan de wapens op de wrâld wurdt tsjintwurdich yn in lyts oantal lannen makke. Sa binne de fiif permaninte leden fan de FN Feilichheidsried ek de grutste produsinten. Elk jier wurdt foar in soad miljarden euro's yn wapens hannele.

Wapentypes[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]