Gemyske wapens
Gemyske wapens binne net-eksplosive gemyske stoffen dy't brûkt wurde om minsken bûten gefjocht te stellen, te ferwûnjen of te deadzjen. Se wurde ûnderskieden fan biologyske wapens dy't organismen of toksinen dêrfan ôfkomstich befetsje. (Yn dit lêste gefal is it ûnderskied alwer wat ûndúdliker). Foarbylden fan gemyske wapens:
- arsine
- binêre wapens
- blierlûkende gassen
- brânwapens
- syanideferbinings
- herbisiden
- ynkapasitantsia
- yrritantsia
- mosterdgas
- pepperspray
- triengas
- ferstikkende gassen
- senuwgassen
- syklon b
Gifgas waard net foar it earst yn de Earste Wrâldoarloch brûkt, mar al yn de tiid fan de Aldheid. De Perzen soenen by in belis fan it plak Dura oan de rivier de Eufraat de Romeinen fergiftige hawwe mei pek en swervel yn it jier 256. [1]
Yn de Earste Wrâldoarloch waarden foar it earst gemyske wapens brûkt. Gloargas waard ferspriede troch de rinfuorgen en koste oan in soad soldaten it libben.
Yn 1925 hawwen Spanje en Frankryk, tsjin in inkele moannen dêrfoar sluten ferdrach yn, mei help fan Dútslân mosterdgas ynsetten tsjin de befolking fan de koart dêrfoar útroppen Rif-republyk yn Marokko.[2] Yn 1934 dienen de Italjanen itselde mei Etioopje.
Sûnt dy tiid binne hieltiten nije, potinsjeel effektivere gemyske wapens ûntwikkele, lykas mosterdgas en senuwgassen (as bygelyks Sarin). Der binne ek foarmen dy't allinnich bûten gefjocht stelle: triengas, spuigas, pepperspray.
Yn de oarloch Iran-Irak binne troch beide partijen gemyske wapens brûkt. Irak hat letter ek gemeyske wapens brûkt tsjin de Koerden yn eigen lân.
Yn 1925 waard it Protokol fan Genève ûndertekene, wat in ferbod op it brûken fan gemyske wapens ynstelde. Letter is dat útwreide nei oare massaferneatigingswapens.
Mei it gemyske wapensferdrach waard produksje en ûntwikkeling fan gemysk wapens wrâldwiid strafber steld. Boppedat moasten ûnder dit ferdrach alle gemyske wapens ferneatige wurde. De OPCW, in autonome ynternasjonale organisaasje fêstige yn Den Haach, kontrolearret op de wrâldwide neilibbing fan it ferdrach.
Gemyske en biogemyske wapens [bewurkje seksje]
Biogemyske wapens binne net itselde as gemyske wapens. Biogemyske wapens, ek wol biowapens neamd hawwe in oarsprong út organismen. De biowapens kinne dy organismen befetsje of bestean út toksinen út dy organismen. It binne bygelyks faak baktearjes of skimmels.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|