Mortier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
M224 Mortier
120 mm mortier, KL

In mortier is in stik artillery mei in tige koarte, yn in hoeke fan 45° sette loop. De mortier heart ta it krombaangeskut of woarpgeskut (yn tsjinstelling mei flakbaangeskut lykas it kanon, dat projektilen yn in rjochtere line ôffjurret).

Lykas by alle krombaanwapens is de krektens fan de mortier beheind, meidat de wyn de baan fan it projektyl sterk beynfloedzje kin.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De mortier is it simpelste geskut dat wy kenne, en is grif koart nei de útfining fan it buskrûd ûntstien. De namme komt fan it kokenark mei deselde namme (ek wol fizel neamd) dêr't âldere modellen wol wat fan wei hawwe. De mortier is benammen geskikt om op koarte ôfstân tsjin fijanlike troepen te brûken. It is in treflik middel om projektilen oer in muorrre hinne te sjitten. By de belegering fan in festing waard dit wapen troch beide partijen brûkt.

Technyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn syn ienfâldichste foarm bestiet in mortier út in put of yngroeven fet, mei ûnderyn in springlading en dêr boppe in prakke stiennen dy't middels in eksploazje nei foaren smiten wurde. Dit type mortier wurdt ierdmortier, stienmyn of fougas(se) neamd.

Lettere, mear draachbere útfierings hawwe de foarm fan in panne fan jitten metaal, dy't yn in houten frame ophong wie en dêryn in bytsje rjochte wurde koe.

Utfieringen[bewurkje seksje | edit source]

De moderne mortier hat meast in koarte buis, dêr't it projektyl yn giet, op in flinke stjitplaat dy't de wjerslach opfangt. Bekende mortieren binne:

  • ierdmortier, in put of yngroeven fet
  • Coehoornmortier, in draachbere mortier mei in heul koart loopke
  • kûgelmortier, dit model fjurret in lading stielen kûgels ôf
  • stienmortier, dit model wurdt laden mei in fracht stienen

Bekende mortiers[bewurkje seksje | edit source]

Besibbe oan mortier[bewurkje seksje | edit source]