Wetterstofbom
Ut Wikipedy
Untploffing fan Ivy Mike, de earste wetterstofbom, yn 1952.
In wetterstofbom of H-bom is in atoombom dy't fierút it grutste part fan syn eksplosive enerzjy út kearnfúzje fan atomen ta helium krijt. Meastal wurde de wetterstofisotopen deuterium en/of tritium en fierder litium brûkt. Dit binne lichte kearnen dy't relatyf maklik ta fúzje te bringen binne.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nuclear weapons fan Wikimedia Commons. |