Marshalleilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Republic of the Marshall Islands
Aolepān Aorōkin Majeļ
Flagge fan Marshalleilannen [[Ofbyld:|110px|Wapen fan Marshalleilannen]]
Flagge Wapen
Lokaasje fan Marshalleilannen
Offisjele taal Ingelsk, Marshalleesk
Haadstêd Majuro
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
km²
-­%
Ynwenners
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsône UTC +12
Nasjonale feestdei 1 maaie
Lânkoade MHL
Ynternet .mh
Tillefoan 692
Kaart fan Marshalleilannen

De Marshalleilannen binne in eilannekloft dy't in selsstannige steat foarmet yn de Grutte Oseaan benoarden fan Naurû en Kiribaty, en eastlik fan Mikroneezje en besuden it eilân Wake. De eilannen binne ferneamd nei de Britske kapitein John Marshall, dy dêr yn 1788 fuot oan wâl sette.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

De Marshalleilannen besteane út twa kloften atollen dy't ferspraat lizze oer in gebiet mei in lingte fan 1200 km: de Ratak-kloft (16 atollen) en de Ralik-kloft (18 atollen) en noch ris 1100 koraalriffen. It gebiet hat in fochtich-hjit tropeklimaat. Kwajalein is it grutste atol fan de wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Marshalleillannen waarden yn it 2e millennium f. Kr. befolke troch Mikroneesjers dy't mei tradisjonele kano's fan eilân nei eilân reizgen. Fan harren ierste skiednis is net folle bekend.

De eilannekloft waard yn 1529 ûntdutsen troch de Jeropeanen. De Dútsers hawwe der yn 1884 in protektoraat fan makke dat yn 1920 troch Japan oernommen waard. It troch de FS útoefene FN-mandaat waard yn 1980 beënige. De FS bleau lykwols ferantwurdlik foar de feilichheid. It parlemint en de ried fan stamhaaden bepale de lânspolityk.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Op de Marshalleilannen libje goed 68.000 minsken, foar it meastepart Marshalleesjers. De Marshalleesjers binne fan Mikronesyske komôf en kamen tûzenen jierren lyn út Aazje. In minderheid is fan resintere Aziatyske komôf, dat binne fral Japanners. Twa-tredde fan de befolking libbet yn Majuro, de haadstêd, en Ebeye. It libben op de bûtenatollen is gruttendiels tradisjoneel.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

It Kristendom is de oerhearskjende godstsjinst.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De offisjele taal fan de Marshalleilannen is Marshalleesk, mar it is gebrûkliker om Ingelsk te praten.