Olympyske Simmerspullen 1896

Ut Wikipedy
Ie Olympiade
holden yn Atene, Grikelân
jier 1896
dielnimmende lannen 14
dielnimmende atleten 241
eveneminten 43
iepeningsseremoanje 6 april
slutingsseremoanje 15 april
edysjes
folgjende edysje 1900 Parys
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1896, offisjeel de Spullen fan de I Olympiade, wiene de earste moderne Olympyske Spullen.

Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 11 7 2 20
2 Grikelân Flagge fan Grikelân GRE 10 17 19 46
3 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 6 5 2 13
4 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 5 4 2 11
5 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 2 3 2 7
6 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 2 1 3 6
7 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 2 1 2 5
8 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 2 0 0 2
9 Denemark Flagge fan Denemark DEN 1 2 3 6
10 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 1 2 0 3

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wiene de earste spullen sûnt de Romeinske keizer Theodosius I de Olympyske spullen yn 393 by edikt ferbean hie, om't hja troch har heidenske karakter in bedriging foarmje soe foar it kristendom. De Spullen waarden weryntrodusearre op inisjatyf fan Baron Pierre de Coubertin en hiene plak fan 6 oant en mei 15 april 1896 yn Atene (Grikelân) (Gregoriaanske kalinder), de lokale data wiene25 maart oant 3 april (Juliaanske kalinder). De Spullen waarden unanym oan Atene tawiisd op in kongres dat troch De Coubertin yn 1894 organisearre wie, dêr't tagelyk it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (YOK) by oprjochte waard.

Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it kongres fan 1894 waard in grut oantal sporten foardroegen as ûnderdiel fan de Spullen. By de earste offisjele bekindmakkings omtrint de "dielnimmende" sporten wiene ek teamsporten, lykas fuotbal en cricket, mar dy plannen waarden nea fierder útwurke en hellen dêrom de úteinlike Spullen net. Roeien en hurdsilen wiene al pland, mar waarden ôflast fanwege te hurde wyn op de wedstriiddei.


Dielnimmers en Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lannen dêr't wis fan is dat der dielnimmers fan meidiene oan dizze spullen.

Dielnimmers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der waarden gjin profesjonele sporters talitten ta de spullen. Dat wie de útkomst fan it earste reglemint dêr't oer stimd waard by it kongres fan 1894. De dielnimmers waarden dus allegear achte amateur te wêzen, wat problemen joech oangeande de regels, omdat der gjin ynternasjonale regeljouwing wie. Boppedat wie der krityk op it amateurisme, ek fanwege it feit dat ek de legere sosjale klassen mei dwaan mochten oan de spullen. Utsein profesjonals mochten ek froulju net meidwaan oan de spullen.

It krekt oantal dielnimmers oan dizze earste Spullen is net bekind. Ferskillende boarnen sprekke elkoar dêr oer tsjin. It YOK hâldt it op 241 dielnimmers, Mallon & Widlund komme út op 245 dielnimmers, wylst De Wael dêr ek op útkomt. Dy tsjinstridigens is te ferklearjen troch it feit dat net altyd sekuer registrearre waard wa har foar in bepaald ûnderdiel ynskreau en hokker nasjonaliteit dy persoan dan hie. Yn de Offisjele útslaggen steane faak ek allinne de namme fan de dielnimmers dy't boppeoan einigen. Mar sa'n 175 dielnimmers binne by namme bekind.

By de earste Spullen koene de dielnimmers har yn Atene ynskriuwe en se waarden net, troch harren lân ôffeardige. Sa bestie in grut diel fan de Britske dielnimmers út studinten mei ynteresse yn Grykske keunst en út ambassade meiwurkers. Fierder wiene alle Amerikaanske dielnimmers studint oan Princeton-universiteit. Faaks diene sporters mei om't se by tafal, troch wurk as stúdzje, oanwêzich wiene yn Atene.

Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat dielnimmers net troch harren lân ôffeardige waarden en by de ynskriuwing net altyd de nasjonaliteit opskreaun waard, ûntstie der ek ûndúdlikens oer it oantal lannen dat op de Spullen fertsjintwurdige wie. Neffens it YOK diene 14 lannen mei, mar it YOK jout net oan hokker lannen dat binne. De list dy't yn dit artikel stiet, is dan nei alle gedachten ek de list dy't it YOK brûkt. Sommige boarnen jout 12 lannen oan, dêr't Sily en Bulgarije ûntbrekke; oare boarnen neame 13 lannen, mar dêr't Itaalje dan wer ûntbrekt. Wer oare boarnen foegje ek Egypte oan de list ta, om't dielnimmer Dionysios Kasdaglis in Grykske Egyptner wie dy't yn Egypte wenne. It is al sa goed as wis dat der gjin Friezen as Nederlanners meidien ha oan dizze spullen.


Kalinder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

      Iepening Seremoanje       Wedstriden       Wedstriden mei medaljes       Slutingsseremoanje
April 6
M
7
T
8
W
9
T
10
F
11
S
12
S
13
M
14
T
15
W
Seremoanjes    
Atletyk                        
Gewichtheffen      
Skermjen            
Sjitsport                              
Tennis                  
Gymnastyk            
Hurdfytsen                        
Wrakseljen            
Swimmen      
April 6
M
7
T
8
W
9
T
10
F
11
S
12
S
13
M
14
T
15
W


Iepening Seremoanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto fan de iepening seremoanje yn 1896

De iepening seremoanje waard hâlden op 6 april 1896 (25 maart lokale datum) yn it Stadion Panathinaiko. De Spullen waarden iepene troch kening George I fan Grikelân dy't beselskippe waard troch troch syn folsleine famylje. Mear as fyftichtûzen minsken jûgen de kening ta nei syn taspraak. De sporters wiene per lân sammele op it middenfjild. By de iepening waarden der kanonskotten lost en der waarden mear as tûzen dowen loslitten. In koar song de hymne, dy't letter de Olympyske hymne wurde soe, dy't spesjaal foar de gelegenheid troch de Gryk Spiros Samaras komponearre wie en wêr't foar de dichter Kostís Palamás de skreaun hat.

Slutingsseremoanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earerûnte yn it stadion ûnder de slútingsseremoanje

Pas by de slutingsseremoanje op de slotdei fan de spullen, oerlange de kening de prizen oan de winners fan de spullen. De winners krigen in sulveren medalje, in oliftak en in diploma. De nûmers twa krigen in brûnzen medalje, in lauriertak en in diploma. Fierder krigen in oantal winners noch ekstra prizen, bygelyks de winner fan de maraton, dy't in beker krige. De winner fan de maraton rûn dêrnei foarop yn de earerûnte fan de winners troch it Olympyske stadion ûnder begelieding fan de olympyske hymne. De kening ferklearre dêrnei de earste Olympyske Spullen ôfsletten en ferliet it stadion, wylst it Grykske folksliet wer spile waard.

In pear dagen earder hie de kening al in ôfslutingsbanket foar alle skiedsrjochters en sporters hâlden. By dat banket hie de Kening in taspraak hâlden dêr't er dúdlik yn makke dat, as it oan him lei, de Spullen foar altyd yn Atene hâlden wurde moasten.

In protte minsken stiene efter it idee fan de kening om de folgjende Spullen ek yn Atene plak hawwe te litten. Sa ûndertekenen de measte Amerikaanske sporters in brief nei de kroanprins mei dy winsk. De Coubertin wie it dêr lykwols net mei iens, omdat hy fan miening wie dat ynternasjonale rotaasje fan de organisaasje ien fan de hoekstiennen fan de moderne Olympyske Spullen binne. Gehiel neffens syn winsk waarden de folgjende spullen yn Parys hâlden, dêr't se al in bytsje ferdreaun waarden troch de wrâldtentoanstelling dy't der doe ek organisearre waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje


Olympyske Simmerspullen 1896

Atletyk | Baanhurdfytsen | Dykhurdfytsen | Gewichtheffen | Gymnastyk | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tennis | Wrakseljen |

wizigje