Alpineskyen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alpineskyen.
Alpineskye in Bariloche (Argentynje).

It alpineskyen ûnderskiedt him fan it skyen op de Noardske manier trochdat by it alpineskyen de hiele foet fêstklamd is oan de sky. By Noardske manier is allinne de foarfoet oan de sky befêstige en binne de hakken frij fan de sky.

It alpineskyen is net mear foarbehâlden oan de Alpelânnen. It wurdt oer de hiele wrâld beoefene, sels yn de Noardske lannen. Dat is foaral te tankjen oan de ûntwikkeling fan skyliften, wêr't it makliker mei waard om op de hegere bergen te kommen om der dan yn “alpine” styl fan ôf te gean.

Dissiplines[bewurkje seksje | edit source]

Binnen it alpineskyen binne fiif dissiplines te ûnderskieden:

  • de Slalom: De slalom is de meast technyske dissipline fan it alpineskyen. Dêrby komt it foaral oan op de technyske kwaliteiten fan de skyer om bochten te kombinearjen. De piste foar dy dissipline is likernôch 40 meter breed en de gemiddelde skeantegraad moat tusken 33 en 45% lizze.
  • de Reuzeslalom: De reuzeslalom by alpineskyen is in parkoers tusken poarten dy't besteane út peallen en flaggen. De blauwe en reade poarten wikselje mekoar ôf om de 15 à 25-30 meter.
  • de Super G: De Super G, is de op ien nei rapste foarm fan alpineskyen, wêrby't de skyer in parkoers sa fluch at kin ôflizze moat. It parkoers foar de Super-G is minder bochtich as dy fan de reuzeslalom, en de ôfstân tusken de poartsjes moat op syn minstens 25 meter wêze.
  • de Ofdaling: De ôfdaling is de rapste fan de snelhydsnûmers fan it alpineskyen. Foar dat nûmer hawwe hja in parkoers dêr't inkeld gong en terreinkenmerken de technyske moeilijkheden binne. It fertikale hichteferskil moat by in ôfdaling op syn minst 500 meter bedrage.
  • de Alpine-Kombinaasje: De Alpine-Kombinaasje is einliks net in aparte dissipline, mar it bestiet út de dissiplines ôfdaling en slalom.

Skypiste[bewurkje seksje | edit source]

In skypiste, as piste, is in preparearre en markearde sône yn in skygebiet dêr't hja feilig alpineskye kinne. Der binne ferskate soarten pistes. De swierrichheid fan de piste wurdt oanjûn mei kleuren. De swierrichheid is ôfhinkelik fan de breedte en de skeantegraad fan de piste.

Kleur/symboal Beneaming Beskriuwing
Eastenryk en Dútslân
Wite piste Yn sommige skygebieten had dizze piste hielendal gjin kleur. Is gewoanwei de piste wêrop de jongste bêrn de earste skylessen krije en is ek wol in famyljepiste.
Blauwe piste De skypiste hat net meer as in skeantegraad fan 25 % mei útsûndering fan koarte stikken yn iepen terrein.
Reade piste De skypiste hat net meer as in skeantesgraad fan 40 % mei útsûndering fan koarte stikken yn iepen terrein.
Swarte piste De skypiste hat in skeantegraad fan mear as 40 %.
Noarwegen en Sweden
Griene piste De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 16 %
Blauwe piste De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 27 %
Reade piste De skypiste hat net mear as in skeantegraad fan 47 %
Swarte piste De skypiste hat in skeantegraad fan mear as 47 %.
Dûbbelt swarte piste De skypiste giet noch krekt net leadrjocht nei ûnderen ta.
Noard-Amearika
Ski trail rating symbol-green circle.svg Griene sirkel De Skypiste hat in skeantegraad fan tusken de 6 % en 25 %.
Ski trail rating symbol-blue square.svg Blauwe fjouwerkânt De skypiste hat in skeantegraad fan tusken de 25 % en 40 %.
Ski trail rating symbol-black diamond.svg Swarte diamant De skypiste hat in skeantegraad fan om en de by de 40 %.
Ski trail rating symbol-double black diamond.svg Dûbbelt swarte diamant De skypiste is fergelykber mei de swarte diamant alline is dizze piste ûnoersichtliker.
Frankryk, Switserlân en It Feriene Keninkryk
Griene piste De maklikste skypiste.
Blauwe piste Bytsje dregere skypiste.
Reade piste De gemiddelde skypiste
Swarte piste De dreechste skypiste.

Piste regels[bewurkje seksje | edit source]

  • 1: Hald rekken mei oaren.
  • 2: Behearskje jo snelheid.
  • 3: Kies in feilich paad.
  • 4: Sjoch út by oerstekken en ynfoegjen
  • 5: Helje foarsichtig yn. Dejinge foar jo hat foarrang.
  • 6: Stean net samar stil op de piste.
  • 7: Klim en rin altyd lâns de kant fan de piste.
  • 8: Hald jo aan paadwizers.
  • 9: Ferlien help by ûngemakken.
  • 10: Legitimaasje is ferplichte.

Utrissing[bewurkje seksje | edit source]

Standert Alpine Sky
Sitsky

Sky's[bewurkje seksje | edit source]

In sky is in lange latte om oer snie as oare oerflaktes te gean. Sky's komme oarspronklik út Skandinaavje. It wurd sky is komt fan it âld-Noorske Skiða, dat 'rjochte planke' betsjut. It type sky dat it bêste by immen past is ofhinkelik fan nivo, gewicht, lichemslingte en dissipline.

Moderne sky's besteane út in kearn, it belach as soal (it rinflak, fan de sky) stielkanten en de toplaag. De kearn is fan in keunststof folling of fan in houtmingsel makke of in kombinaasje fan beide. It rinflak fan sky's is it belach, as soal. Dy moat oan in oantal easken foldwaan. It moat elastysk (in sky bûgt by it brûken), slytfêst wêze en goede gliedeigenskippen hawwe. De stielkanten sitte faaks fêstlime en fêstparst tusken de soal en de kearn fan de sky. Stielkanten soargje foar de grip fan in sky op hurde snie. De manier fan slypjen fan de stielkanten soarget foar meer of minder grip op de snie. Tot slot makket in toplaag de sky folslein ôf.

Skystokken[bewurkje seksje | edit source]

De skystokken soargje foar mear balâns by it skyen, jouwe steun as jo driigje te fallen en binne in helpmiddel yn de bochten. Skystokken wurde makke fan ferskate materialen, aluminium is hjoed de dei standert. Dêrnjonken bestean der karbon- en titaniumstokken.

Skyskuon[bewurkje seksje | edit source]

Skyskuon binne in like wichtich ûnderdiel fan de útrissing as de sky's. De skyskoech is de ferbinning tusken de skyer en de sky's. De skyskuon bringe de energy fan de skyer oer op de sky. By de ferskeidene type's sky's foar de ferskeidene dissiplines hearre aparte type's skuon. Hokker skoech it bêste is hinget fan de sky's en de dissipline ôf.

In skyskoech is opboud út ferskillende parten. De hurde plestik bûtenkânt wurdt ek wol de bûtenskaal neamd. It part fan de skoech dat om it kût sit, wurdt de skacht neamd. Yn de hurde bûtenskaal sit in binnenskoech dy't makke is fan sêft materiaal, ôfwiksele mei hurdere parten om de skonk te beskermjen. De skyskuon wurde sletten mei schnallen, dy't efter in rige ‘toskjes' fêstheakke wurde. Boppe oan de skacht fan de skoech sit in klittebân strap. Dy bân is bedoeld om it kût ekstra stevigens te jaan.

Skyhelm[bewurkje seksje | edit source]

In skyhelm is ûntwurpen om meardere falpartijen oan te kinnen, Nei in swiere fal is it tûk om in nije helm te keapjen. Ek al is der gjin skea sichtber is oan de helm. In helm moat goed passe, dat ek in bytsje strak sitte, mar wol komfortabel. Ek moat de helm goed fêstmakke wurde sadat er net los komme kin by in fal.

Skybril[bewurkje seksje | edit source]

In Skybril beskermet de eachen tsjin de wyn en it ljocht.

Skyklean[bewurkje seksje | edit source]

Skyklean as wintersportklean hat ferskate funksjes. De klean moatte je waarm en droech halde yn winterske omstannichheden. Tagelyk moat de klean ek genôch bewegingsfrijheid biede om noflik skye te kinnen. Dêrnjonken moatte de klean azemje sadat switfocht troch de stof ôffierd wurde kin wylst de stof wol wetterticht wêze moat.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: