Keunstriden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Finske keunstriidster Laura Lepistö

Keunstriden is in foarm fan reedriden, dêr't de rider as riders moaie sprongen en oare bewegingen ûnder begelieding fan muzyk meitsje op it iis.

It keunstriden kin ferskeidene kategoryen:

  • Soloride: foar manlju en froulju
  • pearride: manlju mei froulju
  • iisdûnsje: manlju mei froulju
  • Syngroanride: ride mei in groep

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It keunstriden is ûntstien yn Grut-Brittanje, de earste wedstriid keunstriden waard dêr hâlden yn 1814. Fanút Grut-Brittanje hat it keunstriden him ferspraat oer Jeropa en de Feriene Steaten. Yn de Feriene Steaten Staten waard de muzyk oan it keunstriden taheakke,

Wedstriid[bewurkje seksje | edit source]

In keunstrydwedstriid bestiet út twa wedstriden ek wol kür neamd. De koarte kür en de lange kür.

  • Koarte kür: De koarte kür duorret 2 minuten en 40 sekonden en bestiet út in oantal ferplichte eleminten.
  • Lange kür: De lange kür duorret fjouwer minuten en de eleminten dit brûkt wurde binne frij. Mar hja moatte al kieze út de ferskillende nivo’s fan de eleminten. Hoe heger it nivo fan in elemint hoe heger de skoare foar de rider as riders.

De bekinste eleminten[bewurkje seksje | edit source]

  • Rittberger: De rider begjint troch efterút te riden en wêrnei de linker foet foar de rjochter foet lâns krúst wurdt. Dernei goait de rider syn gewicht op de rjochterfoet en dan folget de sprong. De Ritberger is ferneamd nei de Dútske keunstrider Werner Rittberger.
  • Salchow: (sprek út as saltsjof) By de Salchow bringt de rider earst it gewicht op de linker foet wêrnei't de sprong folget. Dêrnei lânet de rider op syn rjochter foet. De salchow is ferneamd nei de Sweedske keunstrider Ulrich Salchow.
  • Deadenspiraal: De deadenspiraal is in elemint by it pearriden dêr't de frou horizontaal hingjend oan de hân fan de man oer it iis rûndraaid wurdt.
  • Axel: (sprek út as aksel) De Axel is in sprong dy't nei foaren ta sprongen wurdt fanút de linker foet. Wêrnei der achterút lâne wurdt op de rjochter foet.
  • Flip: De flip liket op de Salchow mar by de flip wurdt der efterút sprongen.
  • Lutz: (sprek út as loets) By de luy wurdt fanút de linker foet en dan wurdt er de earm útstrekt boppe de holle draaid wêrnei't der op de rjochterfoet lâne wurdt.

Fryske Keunstrider[bewurkje seksje | edit source]

Sjoukje Dijkstra wie in keunstrydster dy't berne waard yn Akkrum. Yn 1956 waard se tolfte op de Olympyske Spullen, yn 1960 helle se sulver op de Olympyske Spullen en op it wrâldkampioenskip. Sy waard Olympysk kampioene keunstriden yn 1964. Yn 1959 waard se Nederlânsk kampioene en fan 1960 oant 1964 waard se fiif kear Nederlânsk en Jeropeesk Kampioene, en fan 1962 oant 1964 sels trije kear wrâldkampioene.