Sjoukje Dijkstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sjoukje Dijkstra
Sjoukje Dijkstra yn 1960
Sjoukje Dijkstra yn 1960
Namme Sjoukje Dijkstra
Bertedatum 28 jannewaris 1942
Berteplak Akkrum
Grutte 169 sm
Sportive ynfo
Sport keunstriden
Earste titel NK 1959
Olympyske Spullen Cortina d'Ampezzo 1956
Skwa Valley 1960
Innsbruck 1964


Sjoukje Rosalinde Dijkstra (*28 jannewaris 1942, Akkrum), is in earder Olympysk kampioene keunstriden yn 1964. Se brocht har jonge jierren troch yn Akkrum, dêr't se mei âlden wenne op'e Ljouwerterdyk yn in hûs mei de namme Blierherne, rjocht foar Coopersburg oer.

Sjoukje Dijkstra is in dochter fan hurdrider Luitzen Dijkstra. Se stie dan ek al jong op redens, mar it die al gau bliken dat har talint it keunstriden wie. Doe't se alve wie gong se in pear moannen nei Londen dat se ûnder Arnold Gerschwiler trene koe.

Yn 1956 waard se tolfte op de Olympyske Spullen. Yn 1959 waard se Nederlânsk kampioene en helle se brûns op it wrâldkampioenskip. Yn 1960 helle se sulver op de Olympyske Spullen en op it wrâldkampioenskip. Mar fan doe ôf wie se op de ferplichte figueren likegoed as op de frije kuer de bêste.

Fan 1960 oant 1964 waard se fiif kear Nederlânsk en Jeropeesk Kampioene, en fan 1962 oant 1964 trije kear wrâldkampioene. (Yn 1961 gong it wrâldkampioenskip net troch.) En foar de eagen fan de keninklike famylje helle se op 2 febrewaris 1964 it goud op de Olympyske Spullen yn Innsbruck.

Om't se doe alles wûn hie wat der te winnen wie, hâlde se op mei de wedstriden. Se kaam by de iisrevu Holiday on Ice, dêr't se oant 1973 oan mei die. Dêr kaam se yn 'e kunde mei de dresseur Karl Kossmayer, dêr't se yn desimber 1975 mei troude. Tegearre krigen se twa famkes, Katja en Rosalie, dy't ek beide dresseuse wurde binne. Karl is yn desimber 2000 ferstoarn.

Sjoukje Dijkstra wie fan 1959 oant 1964 seis kear sportfrou fan it jier. Earst 4 jannewaris 2004 waard Sjoukje Kossmayer-Dijkstra yn Fryslân hulde brocht foar har Olympyske gouden medalje.

Op 9 desimber 2005 krige Dijkstra de earste Fanny Blankers-Koen Trofee útrikt út hannen fan de foarsitter fan NOC*NSF Erica Terpstra yn de Oval Lingotto yn Turyn. Tagelyk krigen judoka Anton Geesink, roeier Nico Rienks en reedrider Ard Schenk de trofee ek.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: