Nederlânske Antillen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Nederlânske Antillen
Nederlânske Antillen

De Nederlânske Antillen (Papiaments: Antias Hulandes, Ingelsk: Netherlands Antilles) binne in lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen, besteande út fiif eilannen yn de Karibyske See dy't by twa eilannegroepen fan de Lytse Antillen hearre. De totale lânoerflakte is 800 km² mei in ynwennertal fan 225.369 (2008). De befolkingstichtens leit dêrmei op 281,7/km² (2008). De haadstêd en tagelyk fierwei de grutste stêd fan de Nederlânske Antillen is Willemstêd op it eilân Kurasau. De Nederlânske Antillen wurde as ien fan de sibskipslannen neamd.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De eilannen waarden oan de ein fan de 15e ieu troch Alonso de Ojeda ûntdekt en yn 1634 troch de West-Yndyske Kompanjy op de Spanjerts ferovere. Yn de rin fan de tiid wienen de eilannen in pear kear yn hannen fan oare Europeeske mogendheden en hienen se –yn wikseljende gearstallings– ferskate bestjoersfoarmen. Oan dizze koloniale status kaam in ein doe't op 15 desimber 1954 nei acht jier ûnderhanneljen it Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen troch Nederlân, Suriname en de Nederlânske Antillen ûndertekene waard.

Op 25 novimber 1975 waard Suriname in ûnôfhinklike steat en bestie it Keninkryk fan de Nederlannen út Nederlân en de Nederlânske Antillen.

Op 1 jannewaris 1986 krige Aruba in status aparte. Dat hold yn dat Aruba de status fan lân binnen it Keninkryk krige. Tagelyk waard ôfsprutsen dat Aruba op 1 jannewaris 1996 ûnôfhinklik wurde soe. Yn 1994 waard op fersyk fan Aruba it foarútsjoch op ûnôfhinklikheid foar Aruba skrast.

Op 2 novimber 2006 waard tusken Nederlân, Kurasau en Sint Maarten in akkoard sluten, op grûn wêrfan dizze beide eilannen in status aparte binnen it Keninkryk krigen, fergelykber mei dy fan Aruba. Earder wienen al ôfspraken makke wêrby't Saba, Sint Eustaasjes en Bonêre de steatus fan iepenbier lichem krigen, fergelykber mei dy fan in Nederlânske gemeente. Nederlânske wetjouwing sil dêr ûnder kondysjes yn it plak komme fan de Antiljaanske. De ynwenners meie stimme foar de Twadde Keamer en it Jeropeesk Parlemint. Kurasau en Sint Maarten hâlde har eigen wetjouwing. Der komt in Mienskiplik Hof fan Justysje foar Nederlân, Kurasau en Sint Maarten. Nederlân nimt de skulden fan de Antillen (4 miljard gûne) oer. Yn ruil dêrfoar meie de eilannen gjin lienings mear ôfslute. De Nederlânske Antillen soenen as lân binnen it Keninkryk op 15 desimber 2008 ûntbûn wurde. Dat is lykwols net slagge. Sarah Wescot (in minister fan Sint Maarten) wol graach dat de folgjende deadline begjin 2010 is, mar Nederlân hat dêr noch net mei ynstimd.

[bewurkje seksje] Eilângebieten

De Nederlânske Antillen besteane út fiif eilângebieten:

Bonêre en Kurasau hearre ta de Underwynske Eilannen en lizze foar de kust fan Fenezuela (Súd-Amearika). De oare trije eilannen hearre ta Boppewynske Eilannen en lizze east fan Porto Riko.

It eilângebiet Sint Maarten omfet allinnich de súdlike helte fan it eilân Sint Maarten. De noardlike helte heart ta it Frânske oerseeske departemint Gwadelûp.

Ta de Nederlânske Antillen hearre ek in pear lytsere eilannen:

[bewurkje seksje] Befolking

Kurasau is it grutste en befolkingsrykste eilân fan de Nederlânske Antillen. Bonêre is it twad grutste en tinst befolke eilân. Karakterisearjend foar Sint Maarten is it hege oantal bûtenlanners (ynwenners mei in oare as de Nederlânske nasjonaliteit): 49% fan de befolking komt earne oars wei. Op alle eilannen wurkje in soad arbeiders út de regio: op de Boppewynske eilannen komme se meastentiids fan Haïty, de Dominikaanske Republyk en Porto Riko, op de Underwynske eilannen komme se benammen út Fenezuela.

Algemiene statistiken per eilân (CBS Ned. Antillen, 2004)
Gebiet Oerflakte Ynwennertal Bef.tichtheid
Bonêre 288 10.185 35
Kurasau 444 133.644 301
Saba 13 1.424 88
Sint Eustaasjes 21 2.498 119
Sint Maarten 34 33.119 974
Totaal 800 180.870 303

[bewurkje seksje] Talen

De offisjele talen fan de Nederlânske Antillen binne sûnt 2007 Nederlânsk, Ingelsk en Papiamintsk. Papiamintsk is de folkstaal op de Underwynske eilannen. It is in kreoaltaal basearre op Portegeesk of Spaansk, mei in soad Nederlânske en ek Ingelske en Frânske ynfloeden. Op de Boppewynske eilanden is Ingelsk de folkstaal. De skoallen wienen altyd Nederlânsktalich, mar in pear jier lyn is besluten om op de basisskoallen it Papiamintsk en Ingelsk as ûnderwiistaal yn te fieren. De middelbere skoallen bliuwe Nederlânsktalich, omdat men gebrûk makket fan itselde Sintraal Skriftlik Eineksamen as yn Nederlân en omdat in soad skoalbern nei de middelbere skoalle heger ûnderwiis yn Nederlân folgje.

De Antiljaanske literatuer is benammen skreaun yn it Nederlânsk en Papiamintsk, foar in lyts part ek yn it Ingelsk en Spaansk.

Meast sprutsen thústaal yn persinten fan de befolking, Folkstelling 2001
Gebiet Papiamintsk Ingelsk Nederlânsk Spaansk Oars
Bonêre 75 3 9 12 2
Kurasau 81 3 8 6 2
Saba 1 88 2 5 4
Sint Eustaasjes 2 83 4 6 6
Sint Maarten 2 68 4 13 13
Trochstrings 65 16 7 6 5

[bewurkje seksje] Religy

De Nederlânske Antillen binne fierwei meast roomsk-katolyk. Dêrneist binne der op de Boppewynske eilannen grutte protestantske mienskippen (pinkstergemeenten, metoadisten, baptisten, sândedeisadvintisten en anglikanen). Op Kurasau en Sint Maarten bestiet dêrneist fanâlds in frij grutte joadske mienskip. Ek bestiet der op Kurasau en Sint Maarten in moslimmienskip.

[bewurkje seksje] Steatsynrjochting

Op de Nederlânske Antillen is sprake fan twa bestjoerslagen, it Lânsregear en de (fiif) eilânbestjoeren. It regear fan de Antillen sit yn Willemstêd op Kurasau.

[bewurkje seksje] Gûverneur

De gûverneur fan de Nederlânske Antillen)|gûverneur hat in dûbele funksje: haad fan it regear as fertsjintwurdiger fan in keningshûs yn de Keninkryksgebieten. Hy is net ferantwurdlik foar de besluten en dieden fan it regear.

De gûverneur waakt oer it algemien belang fan it Keninkryk en sjocht derop ta dat troch wetjouwings- en bestjoersorganen yn de Nederlânske Antillen gjin beslissings nomd wurde dy't de ienheid fan it Keninkryk skea dwaan kinne of dy't stridich binne mei de bepalingen fan it Keninkryksstatút of mei in ynternasjonale regeling. De útfierende macht leit by de gûverneur yn gearwurking mei de Ried fan Ministers.

De gûverneur wurdt hjiryn bystien troch in Ried fan Advys, dy út minstens fiif troch har beneamde leden bestiet en dy't oer alle ûntwerpen fan lânsferoarderingen, rykswetten, lânsbesluten oer algemiene maatregels en soksoartige, advys útbringt. De gûverneur is foarsitter fan dizze ried, mar oefent dizze funksje allinnich út by bysûndere gelegenheden. In ûnderfoarsitter, beneamd út de leden fan de ried, hat de lieding fan de gewoane gearkomsten.

[bewurkje seksje] Regearing

De Kening is haad fan it regear fan de Nederlânske Antillen; hy wurdt as sadanich fertsjintwurdige troch de gûverneur. De Ministers binne ferantwurdlik oan de Staten.

It regear fan de Nederlânske Antillen wurdt foarme troch de gûverneur (yn fertsjiontwurdiging fan de kening) en de Ried fan Ministers. De Kening beneamt de gûverneur by Keninklik Beslút en dy beneamt op syn beurt de ministers.

Tradisjoneel leveret elk eilân fan de Nederlânske Antillen ministers foar it sintrale regear. De ministerried is ferantwurding skuldich oan de folksfertsjintwurdiging, de Steaten fan de Nederlânske Antillen (te fergelykjen mei de Twadde Keamer yn Nederlân).

[bewurkje seksje] De Steaten

Foar de Nederlânske Antillen jildt dat de Steaten de befolking fertsjintwurdigje. Se wurde by algemiene ferkiezings foar fjouwer jier keazen. De folksfertsjintwurdiging fan de Nederlânske Antillen bestiet út 22 leden (Kurasau 14, Bonêre 3, Sint Maarten 3 en Saba en Sint Eustaasjes elk 1). Tegearre mei de gûverneur foarmje se de wetjouwende macht. De folksfertsjintwurdiging hat it rjocht fan amendemint, fan enkête en fan ynterpellaasje. Se hat boppedat it rjocht fan inisjatyf. De lânsbegrutting moat troch har goedkard wurde.

[bewurkje seksje] Eilângebieten

Elk eilângebiet hat in eigen bestjoer dat bestiet út de eilânsried, it bestjoerskolleezje en de bewâldhawwer. De eilânsrieden fan Kurasau (21 leden), Bonêre (9 leden), Sint Maarten (11 leden), Saba (5 leden) en Sint Eustaasjes (5 leden) fertsjintwurdigje de befolking fan it eilângebiet. De leden wurde foar fjouwer jier keazen. It bestjoerskolleezje en de bewâldhawwer kinne fergelike wurde mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn in Nederlânske gemeente. It bestjoerskolleezje foarmet it deistich bestjoer fan it eilângebiet en fiert de besluten fan de Eilânsried út.

[bewurkje seksje] Steatus binnen de Europeeske Uny

Binnen de Jeropeeske Uny hawwe de Nederlânske Antillen de status fan lannen en gebieten oersee (LGO).

Nei alle gedachten wurde Bonêre, Saba en Sint Eustaasjes yn 2010 Nederlânske gemeenten en krije se de steatus fan ultraperifere regio (UPR), wêr't dan de Amerikaanske dollar ynfierd wurdt. Kurasau en Sint Maarten wurde neffens de plannen krektas Aruba autonome lannen binnen it Keninkryk fan de Nederlannen en hâlde wierskynlik de status fan LGO (oergean nei UPR wurdt lykwols oer tocht). De Nederlânske Antillen hâldt dan op te bestean.

[bewurkje seksje] Ekonomy

De ekonomy fan de Nederlânske Antillen stipet op trije pylders: it toerisme, de oalje en de (finansjele) tsjinstferliening. De ynfloed en de groei per sektor ferskilt sterk fan eilân ta eilân. De oalje-yndustry, ferfierssektor, havenaktiviteiten en finansjele tsjinstferliening binne essinsjeel foar de ekonomy fan Kurasau. Willemstêd hat ien fan de grutste havens yn de regio. De oarre grutte eilannen hawwe har spesjalisearre yn de toeristyske sektor. De Antiljaanske ekonomy is hjirtroch hiel bot op it bûtenlân oriïntearre en foar in grut part ôfhinklik fan ymport. De Nederlânske Antillen binne gjin lid fan de Jeropeeske Uny, mar se wurde der wol mei assosjearre. Dat biedt in oantal hannelsfoardielen. De Antilliaanske munt is de Antiljaanse gûne. Dizze is oan de Amerikaanske dollar keppele.

Alle jierren jout Nederlân help oan de Nederlânske Antillen. Dizze help wurdt benammen ynsetten foar rjochtshanthavening, ûnderwiis, bestjoerlike ûntwikkeling en duorsume ekonomyske ûntwikkeling.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dielen fan dizze side komme fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkrykrelaasjes. Auteursrjochten foarbehâlden; oername is tastien mei boarnefermelding.

Internet-web-browser.svg 12° 11' NB, 68° 59' WL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings