Sineesk Taipei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Olympyske en Paralympyske flagge fan Sineesk Taipei
Fuotbal flagge fan Sineesk Taipei
Deaflympyske flagge fan Sineesk Taipei

Sineesk Taipei is de namme dy’t Taiwan brûkt as it dielnimt oan Ynternasjonale organisaasjes. Dat omdat Sina it brûken fan de namme Taiwan yn sokke organisaasjes ferbiedt.

Yn novimber 1979 akseptearre it Ynternasjonaal Olympysk Komitee en letter alle oare Ynternasjonale sportbûnen It Nasjonaal Olympysk Komitee fan Taiwan as it Nasjonaal Olympysk komitee fan Sineesk Taipei. Fan dat stuit ôf soe elts sportteam of yndividuele sporter út Taiwan útkomme foar Sineesk Taipei. Dêrnei waard de Olympyske flagge fan Sineesk Taipei yn gebrûk naam by de Spullen fan 1984. De flagge wurdt ek brûkt yn alle oare takken fan sport dêr't Sineesk Taipei yn útkomt, útsein by it fuotbal.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.