De Olympyske Winterspullen 1980, ek wol de XIIIe Olympiade neamd, waarden yn 1980 yn Lake Placid, de Feriene Steaten hâlden. Dat wie fan 13 oant en mei 24 febrewaris.
| Akkommodaasje |
Sport (en) |
Kapasiteit |
| Lake Placid Olympic Ski Jumping Complex |
Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen |
18,000 |
| Lake Placid Equestrian Stadium |
Iepening seremoanjes |
Net neamd |
| Lake Placid Olympic Sports Complex Cross Country Biathlon Center |
Biatlon, Skyrinne, Noardske kombinaasje (skyrinnen) |
Net neamd. |
| Mt. Van Hoevenberg Olympic Bobsled Run |
Bobslydzjen, Rodeljen (Aparte oefenings) |
11,000 (bobslydzjen) |
| Herb Brooks Arena |
Keunstriden Iishokky |
8,500 (iishokky)
2,000 (keunstriden) |
| James B. Sheffield Olympic Skating Rink |
Reedriden |
Net neamd. |
| Whiteface Mountain |
Alpineskye |
Net neamd |
Op de Spullen fan 1980 stiene seis sporten op it programma en 38 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.
| Plak |
Lân |
NOK |
 |
 |
 |
Totaal |
| 1 |
Sowjetuny |
URS |
10 |
6 |
6 |
22 |
| 2 |
East-Dútslân |
GDR |
9 |
7 |
7 |
23 |
| 3 |
Feriene Steaten |
USA |
6 |
4 |
2 |
12 |
| 4 |
Eastenryk |
AUT |
3 |
2 |
2 |
7 |
| 5 |
Sweden |
SWE |
3 |
0 |
1 |
4 |
| 6 |
Lychtenstein |
LIE |
2 |
2 |
0 |
4 |
| 7 |
Finlân |
FIN |
1 |
5 |
3 |
9 |
| 8 |
Noarwegen |
NOR |
1 |
3 |
6 |
10 |
| 9 |
Nederlân |
NED |
1 |
2 |
1 |
4 |
| 10 |
Switserlân |
SUI |
1 |
1 |
3 |
5 |
Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Troch de oankundigde Amerikaanske boykot fan de Simmerspullen dy't letter dat jier yn Moskou hâlden waarden, wie der foarôfgeand oan de Winterspullen al in spannen situaasje tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Nettsjinsteande dat wiene de Sowjetuny en harren bûnsgenoaten oanwêzich.
It tal dielnimmers wie likefolle as by de foarige edysje. De Folksrepublyk Sina, Kosta Rika en Syprus debutearren, Bolivia en Mongoalje makken harren rentree. Sily, Iran, San Marino, Taiwan en Turkije ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige kear.
Taiwan boykotte de Spullen sjoen de problemen mei de erkenning troch de Folksrepublyk Sina.