Olympyske Simmerspullen 2016

Ut Wikipedy
XXXIe Olympiade
holden yn Rio de Janeiro (Brazylje)
jier 2016
data 3-21 augustus
organisator IOC
dielnimmende lannen 206
dielnimmende atleten > 11.000
eveneminten 306 yn 28 sporten
iepeningsseremoanje 5 augustus
slutingsseremoanje 21 augustus
edysjes
foarrige edysje Londen 2012
folgjende edysje Tokio 2020
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen fan 2016 (Portegeesk: Jogos Olímpicos de Verão de 2016), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXI Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 5 oant 21 augustus rûn, wiene de groepswedstriden fan it frouljusfuotbal al op 3 augustus úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene mear as 11.000 sporters mei út 206 ûnderskate lannen. Foar Kosovo en Súd-Sûdan wie dit har earste dielname ea oan 'e Olympyske Spullen. It evenemint omfieme fierders 306 ûnderdielen yn 28 ferskillende sporten, wêrfan't it meastepart organisearre waard yn of om Rio de Janeiro, wylst in diel 'útbestege' waard oan fiif oare Brazyljaanske stêden, te witten: Belo Horizonte, Brasilia (de haadstêd), Manaus, São Paulo en Salvador. De Spullen fan Rio de Janeiro wiene de earste edysje fan 'e Olympyske Spullen (Simmer- en Winterspullen) dy't yn Súd-Amearika holden waarden, en teffens de earsten dy't yn in Portegeesktalich lân holden waarden. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Rio de Janeiro ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.

Organisaasje en swierrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De organisaasje fan 'e Olympyske Simmerspullen fan Rio de Janeiro waard pleage troch ferskate swierrichheden en skandalen. Yn it foarste plak fûn in grut part fan 'e Brazyljanen dat it regear mei de organisaasje fan it evenemint foar miljarden dollars fuortsmiet dy't better brûkt wurde kinnen hiene foar de sûnenssoarch, de nasjonale ynfrastruktuer of it miljeu. Sadwaande wiene der yn 'e oanrin nei en ek noch ûnder de Spullen ferskate grutte demonstraasjes tsjin it sportbarren.

Troch in ekonomyske krisis yn Brazylje kaam fierders de oanlis fan 'e nedige sportfasiliteiten, ynfrastruktuer en de ûnderkommens fan 'e sporters yn 'e knipe. In protte projekten kamen pas luttele dagen foar de iepeningsseremoanje ree en guon bûtenlânske ôffurdigings wiene min te sprekken oer de steat fan har ferbliuwen yn it Olympysk doarp, dêr't nei't it skynt lekkende wetterliedings en bleatlizzende elektrisiteitsbekeabeling fuort njonkeninoar foarkaam. Troch inregearingskrisis wêrby't de Brazyljaanske presidinte Dilma Rousseff in fearnsjier foar de Spullen oan 'e kant waard op beskuldiging fan korrupsje waarden dizze swierrichheden noch oanboaze.

Follybalster Fabiana Claudino draacht it Olympyske flam.

As oft dat noch net genôch wie, hie Brazylje ûnderwilens ek noch te krijen mei in útbraak fan it troch langpoaten oerbrochte sikafirus, dat by ûnberne poppen de oandwaning mikrosefaly feroarsaakje kin (in ferlytsing fan 'e plasse dy't de ûntjouwing fan 'e harsens behinderet). Dat firus is sadwaande yn it bysûnder gefaarlik foar swiere froulju, mar is ek net ûngefaarlik foar oare persoanen. De measte sporters besleaten nettsjinsteande dat risiko dochs nei Brazylje ôf te reizgjen; inkeld yn it manljusgolf wiene der om dizze reden in protte ôfsizzings.

In probleem fan in hiele oare grutte wie de Baai fan Guanabara, dêr't it hurdsilen en wynsurfen holden waard, mar dy't desennialang troch Rio de Janeiro brûkt wie om it rioelwetter op te loazen. It organisearjend komitee hie ûnthjitten dat de baai skjinmakke wurde soe, mar dêr kaam neat fan op 'e hispel en doe't de Olympyske Spullen úteinsetten, wie der inkeld besocht om it driuwend ôffal út it sylwetter te kearen. Ferskate silers seine dat dit it smoarchste wetter wie dêr't se ea op syld hiene, en oaren, dy't oerboard slein of kapseisd wiene, rapportearren neitiid dreech te bestriden bakteriële ynfeksjes.

Ta ein beslút hie it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) syn eigen soargen, mei it Russysk dopingskandaal, dat in skaad oer de Olympyske Simmerspullen fan 2016 smiet. De Russyske atletykploech waard hielendal útsletten fan dielname, mar it IOC besleat in pear dagen foar de iepening fan 'e Spullen dat oare Russyske sporters wol dielnimme mochten as harren respektivelike ynternasjonale sportbûnen dat goedkarden. Dy beslissing kaam it IOC op in protte krityk te stean, net yn it lêste plak fan 'skjinne' atleten, dy't poerlulk wiene dat bewiisde dopingbrûkers dochs talitten waarden. Doe't in pear dagen nei de iepeningsseremoanje it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) àl besleat om 'e hiele Russyske ploech út te sluten fan dielname oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, pleatste dat de eardere beslissing fan it IOC hielendal yn in nuver ljocht.

Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende sporten makken diel út fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2016, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes. (Offisjeel wiene der 28 sporten, mar dan wurde alle wettersporten as ien sport beskôge en bgl. follybal en strânfollybal ek.)


Kalinder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IS iepeningsseremoanje groeps- en kwalifikaasjewedstriden 1 finales SG showgala ÔS ôfslutingsseremoanje
augustus 3
woa.
4
tong.
5
freed
6
sneon
7
snein
8
moan.
9
tii.
10
woa.
11
tong.
12
freed
13
sneon
14
snein
15
moan.
16
tii.
17
woa.
18
tong.
19
freed
20
sneon
21
snein
finales
seremoanjes IS ÔS
Atletyk 3 5 4 5 5 4 6 7 7 1 47
Baanhurdfytsen 1 2 2 1 1 3 10
Badminton 1 1 2 1 5
Basketbal 1 1 2
Berchfytsen 1 1 2
Bôgesjitten 1 1 1 1 4
Boksen 1 1 1 1 1 1 3 4 13
Dykhurdfytsen 1 1 2 4
Follybal 1 1 2
Fuotbal 1 1 2
Gewichtheffen 1 2 2 2 2 2 1 1 1 1 15
Gymnastyk ritmysk 1 1 18
trampoline 1 1
turnjen 1 1 1 1 4 3 3 SG
Golf 1 1 2
Hânbal 1 1 2
Hynstesport 2 1 1 1 1 6
Fytskrossen 2 2
Hockey 1 1 2
Hurdsilen 2 2 2 2 2 10
Judo 2 2 2 2 2 2 2 14
Kanofarren slalom 1 1 2 16
sprint 4 4 4
Keunstdûken 1 1 1 1 1 1 1 1 8
Moderne fiifkamp 1 1 2
Roeien 2 4 4 4 14
Rugby 1 1 2
Syngroanswimmen 1 1 2
Sjitsport 2 2 2 1 2 1 2 2 1 15
Skermjen 1 1 1 1 2 1 1 1 1 10
Strânfollybal 1 1 2
Swimmen 4 4 4 4 4 4 4 4 1 1 34
Teakwondo 2 2 2 2 8
Tafeltennis 1 1 1 1 4
Tennis 1 1 3 5
Triatlon 1 1 2
Wetterpolo 1 1 2
Wrakseljen 2 2 2 3 3 2 2 2 18
totaal tal finales 12 14 14 15 20 19 24 21 22 17 25 16 23 22 30 12 306
tal finales dien 12 26 40 55 75 94 118 139 161 178 203 219 242 264 294 306
augustus 3
woa.
4
tong.
5
freed
6
sneon
7
snein
8
moan.
9
tii.
10
woa.
11
tong.
12
freed
13
sneon
14
snein
15
moan.
16
tii.
17
woa.
18
tong.
19
freed
20
sneon
21
snein
finales


Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2016, mei it tal yndividuële sporters oanjûn.


Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 46 37 38 121
2 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 27 23 17 67
3 Sina Flagge fan de folksrepublyk Sina CHN 26 18 26 70
4 Ruslân Flagge fan Ruslân RUS 19 18 19 56
5 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 17 10 15 42
6 Japan Flagge fan Japan JPN 12 8 21 41
7 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 10 18 14 42
8 Súd-Koreä Flagge fan Súd-Korea KOR 9 3 9 21
9 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 8 12 8 28
10 [Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 8 11 10 29
11 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 8 7 4 19
12 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 8 3 4 15
13 Brazylje (gastlân) Flagge fan Brazylje BRA 7 6 6 19
14 Spanje Flagge fan Spanje ESP 7 4 6 17
15 Kenia Flagge fan Kenya KEN 6 6 1 13
16 Jamaika Flagge fan Jamaika JAM 6 3 2 11
17 Kroaasje Flagge fan Kroaasje CRO 5 3 2 10
18 Kuba Flagge fan Kuba CUB 5 2 4 11
19 Nij-Seelân Flagge fan Nij-Seelân NZL 4 9 5 18
20 Kanada Flagge fan Kanada CAN 4 3 15 22
21 Oezbekistan Flagge fan Oezbekistan UZB 4 2 7 13
22 Kazachstan Flagge fan Kazakstan KAZ 3 5 9 17
23 Kolombia Flagge fan Kolombia COL 3 2 3 8
24 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 3 2 2 7
25 Iraan Flagge fan Iran IRI 3 1 4 8
26 Grikelân Flagge fan Grikelân GRE 3 1 2 6
27 Argentynje Flagge fan Argentynje ARG 3 1 0 4
28 Denemark Flagge fan Denemark DEN 2 6 7 15
29 Sweden Flagge fan Sweden SWE 2 6 3 11
30 Súd-Afrika Flagge fan Súd-Afrika RSA 2 6 2 10
31 Oekraïne Flagge fan Oekraïne UKR 2 5 4 11
32 Servje Flagge fan Servje SRB 2 4 2 8
33 Poalen Flagge fan Poalen POL 2 3 6 11
34 Noard-Koreä Flagge fan Noard-Korea PRK 2 3 2 7
35 Belgje Flagge fan Belgje BEL 2 2 2 6
Tailân Flagge fan Tailân THA 2 2 2 6
37 Slowakije Flagge fan Slowakije SVK 2 2 0 4
38 Georgje Flagge fan Geörgje GEO 2 1 4 7
39 Azerbeidzjan Flagge fan Azerbeidzjan AZE 1 7 10 18
40 Wyt-Ruslân Flagge fan Wyt-Ruslân BLR 1 4 4 9
41 Turkije Flagge fan Turkije TUR 1 3 4 8
42 Armeenje Flagge fan Armeenje ARM 1 3 0 4
43 Tsjechje Flagge fan Tsjechje CZE 1 2 7 10
44 Etioopje Flagge fan Etioopje ETH 1 2 5 8
45 Sloveenje Flagge fan Sloveenje SLO 1 2 1 4
46 Yndoneezje Flagge fan Yndoneezje INA 1 2 0 3
47 Roemeenje Flagge fan Roemeenje ROU 1 1 3 5
48 Bachrein Flagge fan De Barein  BRN 1 1 0 2
Fjetnam Flagge fan Fietnam VIE 1 1 0 2
50 Sineesk Taipei Flagge fan Sineesk Taipei TPE 1 0 2 3
51 Bahama's Flagge fan de Bahama's BAH 1 0 1 2
Ivoarkust Flagge fan Ivoarkust  CIV 1 0 1 2
Yndividuele Olympyske Atleten Olympyske Flagge  IOA 1 0 1 2
54 Fidzjy Flagge fan Fidzjy  FIJ 1 0 0 1
Jordaanje Flagge fan Jordaanje JOR 1 0 0 1
Kosovo Flagge fan Brazylje KOS 1 0 0 1
Porto Riko Flagge fan Puerto Riko PUR 1 0 0 1
Singapoer Flagge fan de Singapore SIN 1 0 0 1
Tadzjikistan Flagge fan Tadzjikistan TJK 1 0 0 1
60 Maleizje Flagge fan Maleizje MAS 0 4 1 5
61 Meksiko Flagge fan Meksiko MEX 0 3 2 5
62 Algerije Flagge fan Algerije ALG 0 2 0 2
Ierlân Flagge fan Ierlân IRL 0 2 0 2
64 Litouwen Flagge fan Litouwen LTU 0 1 3 4
65 Bulgarije Flagge fan Bulgarije BUL 0 1 2 3
Fenezuëla Flagge fan Fenezuëla VEN 0 1 2 3
67 Yndia Flagge fan Yndia  IND 0 1 1 2
Mongoalje Flagge fan Mongoalje MGL 0 1 1 2
69 Boerûndy Flagge fan Bûrûndy BDI 0 1 0 1
Grenada Flagge fan Grenada  GRN 0 1 0 1
Niger Flagge fan Niger NIG 0 1 0 1
Filipinen Flagge fan de Filipinen PHI 0 1 0 1
Katar Flagge fan Katar QAT 0 1 0 1
74 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 0 0 4 4
75 Egypte Flagge fan Egypte EGY 0 0 3 3
Tuneezje Flagge fan Tuneezje TUN 0 0 3 3
77 Israel Flagge fan Israel  ISR 0 0 2 2
78 de Dominikaanske Republyk Flagge fan de Dominikaanske Republyk DOM 0 0 1 1
Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 0 0 1 1
Estlân Flagge fan Estlân EST 0 0 1 1
de Feriene Arabyske Emiraten Flagge fan de Feriene Arabyske Emiraten UAE 0 0 1 1
Finlân Flagge fan Finlân FIN 0 0 1 1
Marokko Flagge fan Marokko MAR 0 0 1 1
Moldaavje Flagge fan Moldaavje MDA 0 0 1 1
Nigearia Flagge fan Nigearia NGR 0 0 1 1
Portegal Flagge fan Portegal POR 0 0 1 1
Trinidad en Tobago Flagge fan Trinidad en Tobago TRI 0 0 1 1

Fryske medaljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

medalje namme sport ûnderdiel datum
goud Marit Bouwmeester silen laser radial (froulju) 16 augustus
goud Sanne Wevers turnjen balke (froulju) 15 augustus
brûns Mechiel Versluis (mei 8 oaren) roeien acht (manlju) 13 augustus

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje


Olympyske Simmerspullen 2016

Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Golf | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skermjen | Strânfollybal | Swimmen | Teakwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen


wizigje