Sint Kits en Nevis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Federation of Saint Kitts and Nevis
Flagge fan Sint Kits en Nevis Wapen fan Sint Kits en Nevis
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint Kits en Nevis
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Basseterre
Steatsfoarm Parlemintêre demokrasy
Gebiet
% wetter
261 km²
-­%
Ynwenners (2004) 40.000
Munt East-Karibyske dollar (XCD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 19 septimber
Lânkoade KNA
Ynternet .kn
Tillefoan 869

Sint Kits en Nevis is in federale steat yn de Karibyske See, en bestiet út de eilannen Sint Kitts, Nevis en noch inkele lytsere eilannen. De haadstêd is Basseterre.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Sint Kitts en Nevis binne twa eilântsjes hearre by de Lytse Antillen. Se waarden troch Kolumbus besocht yn 1493, mar it wiene de Britten dy't harren dêr it earste fêstigen yn 1623. Twa jier letter setten ek Frânse kolonisten harren dêr ta wenjen. Al gau ûntstiene problemen tusken de twa kolonisaters, en it skeel waard oplost mei de Frede fan Parys fan 1783, dy't Sint Kitts en Nevis as besit fan de Britten oanjoech.

Sint Kitts en Nevis krigen yn 1967 folsleine ynterne autonomy, mar bleaune in part fan it Britse ryk, tegearre mei Anguilla ûnder de namme Sint Christopher, Nevis en Anguilla. Dat eilân kaam hjirtsjin yn opstân yn 1967, en woe himsels ûnôfhinklik ferklearje, mar waard úteinlik yn 1980 apart fan Sint Kitts en Nevis in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Sint Kitts en Nevis waarden ûnôfhinklik op 19 septimber 1983.

[bewurkje seksje] Klimaat

Sint Kitts en Nevis hawwe in tropysk klimaat, mar de trochdat it dêr in protte waait falt it mei de temperatuer wol mei. De temperatuer feroaret ek net bot oer it jier. De reintiid duorret dan maaie oant novimber, en dan wurdt it lân wol gauris oandien troch orkanen.

[bewurkje seksje] Lânbou en ekonomy

It eilân is fulkanysk en bercheftich. It grutste part fan it lân wurdt net bewurke. Mar 16% fan it lân wurdt bewurke. Sûkerreid is it wichtichste gewaaks, dit wie hielendal it gefal yn de Britske tiid. Fân de jierren 70 ôf naam it belang fan dit gewaaks ôf, en wurdt it toerisme belangriker. Sint Kitts en Nevis steane ek bekend as belestingparadys. De banksektor bringt in protte jild binnen. Ek katoen, sâlt, kopra drage by oan de nasjonale ekonomy.

It BNP wie yn 2002 339 miljoen US$. De wurkleazens falt ta: mar 4,5% fan de beropsbefolking sit sûnder wurk.

Saint Kitts and Nevis-CIA WFB Map.png

[bewurkje seksje] Polityk

Sint Kitts en Nevis binne lid fan it Brits Gemenebest (fandear dat de justysje op de Britkse Common Law basearre is). Keningin Elizabeth II is noch hieltiten keningin, ek nei de ûnôfhinklikens yn 1983. Sint Kitts en Nevis is dêrtroch in konstitúsjonele monarchy.

It lân hat mar ien keamer, mei fjirtjin leden: alve wurde streekrjocht keazen en trije tije koöpteard.

Fân de ûnôfhinklikens ôf oant 1995 regeare de People's Action Movement, it ekwivalint fan de Britkse Konservativen troch premier Kennedy Simmonds. Hjirnei wûn Labour de ferkiezings yn 1995 en 2000, en no regearet Denzil Douglas.

Yn 1998 stimde de befolking fan Nevis yn in referendum om harren los te meitsjen fan Sint Kitts. De nêdiche twa/tredde mearderheid waard lykwols net helle. Der binne lykwols noch hieltiten groepen aktyf dy't Nevis apart hawwe wolle.

[bewurkje seksje] Bestuurlijke indeling

It lân is in federaazje besteande út twa dielsteaten: Sint Kitts en Nevis. Dizze wurde fierder ferdield yn fjirtjin parishes, njoggen yn Sint Kitts en fiif yn Nevis.

[bewurkje seksje] Godstsjinst

De grutste godstsjinst op Sint Kitts en Nevis is it kristendom (sa. 85%):

Dêrneist is der in Hindoe mienskip (1,5%).

¹Sifers 1995, Bron:worldstatesmen.org

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Saint Kitts and Nevis en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.



Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen