Katar
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Arabysk | ||||
| Haadstêd | Doha | ||||
| Steatsfoarm | Emiraat | ||||
| Gebiet % wetter |
10.360 km² 0,0% |
||||
| Ynwenners (2005) | 863.051 | ||||
| Munt | Riyal (QAR) | ||||
| Tiidsône | UTC +3 | ||||
| Nasjonale feestdei | 3 septimber | ||||
| Lânkoade | QAT | ||||
| Ynternet | .qa | ||||
| Tillefoan | 855 | ||||
Katar is in lan yn Súdwest-Aazje. It lân is in emiraat, en de emir is sûnt 1995 Hamad bin Khalifa Al Thani. De haadstêd fan Katar is Doha.
Ynhâld |
Geografy[bewurkje seksje]
Lizzing[bewurkje seksje]
Katar wurdt begrinzge troch:
- de Perzyske Golf yn it noarden en easten;
- Saûdy-Araabje yn it suden;
- de Golf fan Barein yn it westen;
- De Barein yn it noardwesten.
Lânskip[bewurkje seksje]
Katar is in skiereilân yn de Perzyske Golf, east fan Saûdy-Araabje. Meastepart fan it lân bestiet út lege sânflakten. Yn it súdeasten leit it spektakulêre Khor al Adaid, in gebiet mei rôljende sândunen omjûn troch yngongen út de Golf. De winters yn Katar binne myld en de simmers foaral tige hyt.
It heechste punt yn Katar is Qurayn Abu al Bawl op 103 meter hichte.
Skiednis[bewurkje seksje]
Al yn de 6e ieu f. Kr. wie sprake fan bewenning yn Katar. Benammen de bedoeinen hawwe der hieltyd in wichtige rol spile. Yn de 7e ieu, by de grutte Arabyske oermasterings, hearde Katar by it Arabyske Kalifaat en oan it begjin fan de 16e ieu krigen de Portugezen dêr mear ynfloed. Oan dizze ynfloed kaam in ein yn 1538, doe't it ûnderdiel fan it Ottomaanske Ryk waard. Nei de Turkske oerhearsking, oan it begjin fan de Earste Wrâldkriich, waard Katar in protektoraat fan it Feriene Keninkryk.
Sûnt 1971 is Katar in ûnôfhinklik lân. In skoftlang wie sprake dat it in ienheid foarmje soe mei de emiraten dy't tsjintwurdich diel útmeitsje fan de Feriene Arabyske Emiraten, mar dat is net bard.
Demografy[bewurkje seksje]
Befolking[bewurkje seksje]
Oan it begjin fan de 20e ieu wenne yn Katar amperoan tsientûzen minsken. Dêrnei is it befolkingpeil gau omheech gongen, benammen troch ymmigraasje út oare Arabyske lannen.
Taal[bewurkje seksje]
De offisjele taal fan Katar is it Arabysk.
Religy[bewurkje seksje]
Yn de earste ieuwen fan it begjin fan de jiertelling wie it Kristendom populêr yn Katar. Mei de opkomst fan de Islam ferdwûn dizze godstsjinst alhiel. Tsjintwurdich is de Islam de grutste religy en binne der fierders wat Katolike en Protestantske groepearrings.
