Angoala

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
República de Angola
Flagge fan Angoala Wapen fan Angoala
Flagge Wapen
Lokaasje fan Angoala
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd Luanda
Steatsfoarm republyk
Gebiet
% wetter
1.246.700 km²
-­%
Ynwenners (2007) 12.263.596
Munt Kwanza (Kz)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 11 novimber
Lânkoade AGO
Ynternet .ao
Tillefoan 244

De Republyk Angoala is in lân yn Súdwest-Afrika. De haadstêd is Luanda.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Angoala wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Sjocht op de bergen fan Lubango.

Sintraal yn Angoala leit it Bié-plateau, in heechflakte dat op in hichte fan trochstrings 1.830 meter leit. By de kust rint it hommels ôf. In soad wyld wetterstreamen fine har wei nei ûnderen dy't foar de produksje fan hydro-elektryske enerzjy brûkt wurde. De wichtichste rivieren binne de Kwanza en Kunene.

It lânskip fan Angoala bestiet foaral út savanne, savannebosken en greiden. Yn it noardeasten binne lykwols ticht beboske falleien, dêr't in soad hurdhout kapt wurdt.

Neast Luanda binne de wichtichste stêden fan it lân Huambo, Lobito, Benguela en Namibe.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Angoala waard yn 1483 ûntdutsen troch Diego Cao. Sûnt 1975 is it in ûnôfhinlike steat, dêrfoar wie it gebiet fan de 19e ieu ôf in Portegeeske koloanje. De namme Angoala is ôflaat fan de titel Ngola fan de hearsers fan it eartiidse keninkryk Ndong.

Al fan de ûnôfhinklikens ôf hat it lân hieltyd te krijen mei in boargeroarloch tusken UNITA en de MPLA. Yn 2001 wienen der om-ende-by 2,8 miljoen minsken op de flecht.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Angoala hat 12.263.596 (2007) ynwenners, dêr't likernôch in tredde fan yn de haadstêd Luanda wennet.

It meastepart fan de befolking is fan Afrikaanske komôf en sprekt in Bantoetaal; de offisjele taal is lykwols it Portugeesk. Ovimbundu, Mbundu en Bakongo binne de grutste etnyske groepen, mar der binne ek in protte minsken fan in mingd ras. Eartiids wennen der in soad Jeropeanen yn it lân. Nei de Angoleeske ûnôfhinklikens fan Portugal hawwe de measten it lân ferlitten.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Ynlânske godstsjinsten oerhearsken; der is in roomsk-katolike minderheid en in lytsere protestantske minderheid.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]