Diego Cao
Ut Wikipedy
Diago yn Angoala
Diogo of Diego Cao († ±1486) wie in Portegeeske ûntdekkingsreizger en betûft navigator dy’t yn opdracht fan kening Johan II fan Portegal twa ûntdekkingsreizen makke lâns de westkust fan Afrika yn de jierren 1480.
Op syn earste reis ( 1482-1483 ) ûntduts hy de rivier de Kongo en kaam hy yn kontakt mei it Bakongo keninkryk. Dêrnei folge hy de Afrikaanske kust oant Kaap St. Mary yn Angoala. Op syn twadde reis (1485 – 1486) komt Diogo sels oant Kaap Krús yn Namybje. It is net wis oft dat hy wol werom komd is fan de twadde reis. Guon nimme oan dat hy by Kaap Krús ferstoarn en te hôf brocht is.