Grenada
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Ingelsk | ||||
| Haadstêd | Sint George's | ||||
| Steatsfoarm | Parlemintêre monargy | ||||
| Gebiet | 344 km² | ||||
| Ynwenners (2004) | 89.000 | ||||
| Munt | East-Karibyske dollar (XCD) | ||||
| Tiidsône | UTC -4 | ||||
| Nasjonale feestdei | Hail Grenada | ||||
| Lânkoade | GRD | ||||
| Ynternet | .gd | ||||
| Tillefoan | 1473 | ||||
Grenada is in eilân en steat yn de Karibyk. De steat Grenada beslacht it eilân en de Lytse Grenadinen. De eilannegroep heart by de Lytse Antillen. De haadstêd is Sint George's.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
It eilân Grenada is it grutste eilân fan de eilannegroep; de Lytse Grenadinen binne Carriacou, Petit Martinique, Ronde Island, Caille Island, Diamond Island, Large Island, Saline Island en Frigate Island. De measte minsken wenje op it eilân Grenada, wêrfan St. George’s, Grenville en Gouyave de grutste plakken binne. It heechste punt fan it eilân is de berch St. Catherine (840 m).
Skiednis [bewurkje seksje]
Grenada waard yn 1498 troch Kolumbus ûntdutsen, hy neamde it eilân Concepción, mar stifte gjin kolony. Yn it tiidrek 1674 - 1763 wie Grenada in Frânske kolony, dêrnei waard it in eilân fan it Britske Commonwealth. Yn 1974 waard Grenada ûnôfhinklik.
Demografy [bewurkje seksje]
95 % fan de ynwenners fan Grenada hawwe foarfaars út Afrika. 3 % is Yndysk. Op it eilân wennet in lytse minderheid mei Jeropeesk foarteam. De amtlike taal fan it eilân is Ingelsk, fierders wurde der Kreoaltalen praat. De grutste religy's op it eilân binne mei likernôch 64 % fan de minsken Katolyk, 22 % Anglikaansk.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Grenada en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |
