Belize

Ut Wikipedy
Belize
Flagge fan Belize Wapen fan Belize
Flagge Wapen
Lokaasje fan Belize
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Belmopan
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
22.966 km²
0,7­%
Ynwenners (2004) 256.000
Munt Belizaanske dollar (BZD)
Tiidsône UTC -6
Nasjonale feestdei 21 septimber
Lânkoade BLZ
Ynternet .bz
Tillefoan 501

Belize is in lân yn Midden-Amearika. It lân hie by de rûzing fan 2007 297,651 ynwenners, dêrtroch hat Belize it leechste ynwennertal fan Midden-Amearika. Belize hat him yn 1981 losmakke fan Grut-Brittanje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belize wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiktoriapyk yn de Maya Mountains.

De wichtichste rivieren fan Belize binne de Hondo, dy't foar in grut part de swette fan Belize en Meksiko leit is en de Sarstoon, dy't op 'e súdgrins fan Belize leit.

It geberchte fan belang binne de Maya Mountains, besuden it sintrum fan it lân. Dêr is de heechste berch fan Belize, de Fiktoria Pyk (1122 meter).

It lân hat heuvels mei tropysk bosk en sompen by de kust lâns, dêr't baas mangroven waakse. Bylâns de kust leit it twad grutste barriêrerif fan de wrâld, it 'Barriêrerif fan Belize' hat in tropysk klimaat. Tusken septimber en novimber is it seizoen fan de orkanen.

Wichtichste stêden binne Belmopan (sit fan it regear) en Belize City (mei 54.000 ynwenners it grutste plak yn Belize).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't de Spanjerts Midden-Amearika kolonisearren, wennen op it plak fan wat no Belize is, de Maya's. De Jeropeeske kolonisearring sette út ein yn 1638, doe't Britske Joaden har as skipbrekling op it eilân nei wenjen setten.

Yn 1840 waard Britsk-Hondûras in Britske koloanje, mar ek Meksiko en Gûatemala woene dat lân hawwe. De orkaan Hatty skansearre Belize yn 1961. It regear fûn dêrnei it hawwen fan in haadsted ûnder seenivo te gefaarlik. Nei in stikmannich jierren wie der in ûntwerp foar de nije haadsted Belmopan, yn it geografyske midden fan it lân. Yn 'e santiger jierren waard útein set mei it ferplakken fan regearingsgebouwen.

Britsk-Hondûras hat sûnt 1964 selsbestjoer en yn juny 1973 har namme feroare yn Belize. It wie de lêste koloanje fan it Britske Ryk op 'e fêstewâl fan de Amearikas. George Price fan de People's United Party late it lân yn 1981 nei de folsleine ûnôfhinklikens nei konflikten mei Gûatamala oer de grinzen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking is tige meiïnoar fermingd en as gefolch dêrfan net maklik nei komôf te ûnderskieden. De wichtichste etnyske groepen foarme ornaris de mestiezen (44%), de kreolen (30%), de yndianen (benammen Maya's; 11%) en swarte Kariben(7%); fierders binne der noch wat lytse groepkes Jeropeanen en Aziaten.

Mear as de helte fan de befolking libbet op it plattelân.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roomsk-katolyk sawat 50%, Pinkstergemeente 7,4%, Anglikaansk 5,3%, Sândedeisadventisten 5,2%, Menisten 4,1%, Metodisten 3,5%, Jehova's tsjûgen 1,5%, oars 14% en net godstsjinstich 9%.