Maly

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
République de Mali
Flagge fan Maly Wapen fan Maly
Flagge Wapen
Lokaasje fan Maly
Offisjele taal Frânsk, Bambara
Haadstêd Bamako
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
km²
1,6­%
Ynwenners
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 22 septimber
Lânkoade MLI
Ynternet .ml
Tillefoan 223

Maly is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Bamako.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

It lân wurdt alhiel omjûn troch oare lannen en leit net oan see. It wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Lânskip yn Hombory

Maly is in lân dat foar 70% út woastyn of semi-woastyn bestiet. Dat jildt benammen foar it noardlike part fan it lân. Yn it suden lizze inkele grutte rivieren, te witten de Niger, Sénégal en de Bany. It meastepart fan it lân is flak en oan de grinzen mei Algerije heger. Dat heechlân befet in protte wady's (droege falleien) dêr't eartiids rivieren floeiden. De heechste berch fan it lân is de Hombory Tondo (1155 meter).

It klimaat rint útien fan subtropysk yn it suden oant skrok yn it noarden. Meastepart fan it lân krijt amperoan delslach fan betsjutting en tiidrekken mei droechte komme faak foar. It rein seizoen is yn normale jierren tusken ein juny oant begjin desimber en yn dy tiid streamt de Niger altyd oer.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It grûngebiet fan it tsjintwurdige Maly makke eartiids diel út fan trije eardere keninkriken, te witten: fan de 4e ieu ôf by it âlde keizerryk Gana, yn de 11e ieu by it islamityske keninkryk Maly en yn de 16e ieu by it keninkryk Songhai. Wichtige ferslaggen oer dizze kultueren binne troch Arabyske gelearden te boek stelt. De stêd Timbûktû wie yn de 14e ieu in wichtich learsintrum foar skiednis, rjochtlear en de islamityske godstsjinst. De macht fan de Songhai waard yn 1591 brutsen troch de Marokkanen.

Yn de 19e ieu waard Maly troch Frankryk ferovere yn it tiidrek tusken 1860 en 1890. Yn 1920 krige it har tsjintwurdige grutte mei de namme Frânsk Sûdan. Yn 1959 foarme it lân, dat ûnderwilens selsbestjoer krige hie, in federaasje mei Senegal. Senegal luts him yn 1960 wer tebek en Frânsk Sûdan waard selsstannich ûnder de namme Maly.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De befolking fan Maly bestiet út ferskate etnyske groepen, dêr't de Bambara mei 32% de grutste groep fan foarmet. Oare groepen binne: de Fulany of Peul (14%), Senufo (12%), Soninke (9%), Touarek (7%), Songhai (7%) en de Malinke of Mandingo, Mandinke (7%). Om-ende-by 10% fan de befolking libbet as nomade.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

De islam is fier út de grutste godstsjinst. Goed 90% fan de befolking is oanhinger fan dat leauwen. Likernôch 9% hinget in natoerreligy oan en krapoan 1% is kristen.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

It Frânsk is de offisjele taal. Dêrnjonken wurde in grut oantal talen sprutsen û.o. it Bambara.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]