Sao Tomee en Prinsyp
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Portugeesk | ||||
| Haadstêd | São Tomé | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
1.001 km² -% |
||||
| Ynwenners (2001) | 165.000 | ||||
| Munt | Dobra (STD) | ||||
| Tiidsône | UTC +0 | ||||
| Nasjonale feestdei | 12 july | ||||
| Lânkoade | STP | ||||
| Ynternet | .st | ||||
| Tillefoan | 239 | ||||
Sao Tomee en Prinsyp is in eilânnaasje yn de Golf fan Guinee, westlik fan de ekwatoriale kust fan Afrika. It bestiet út twa eilannen: Sao Tomee en Prinsyp lizze likernôch 140 km út-inoar, en likernôch 250 km út de kust fan Gabon. Beide eilannen binne part fan in âlde fulkaangroep. Sao Tomee, it súdlike eilân, is by de ekwator situearre. It hat de namme krigen fan in Portegeeske wrâldreiziger, dy't it eilân ûntdutsen hat.
Sao Tomee en Prinsyp is it twadde lytste Afrikaanske lân (krekt grutter as de Seisjellen). It is it lytste eilân fan de wrâld, dat net ûnder it regear fan de Feriene Steaten fan Amearika, Grut-Brittanje, of in oar Jeropeesk lân stiet. It is ek it lytste Portegeesk-talige eilân fan de wrâld.
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as São Tomé and Príncipe en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |
