Maldiven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dhivehi Raajjeyge Jumhooriyyaa
Flagge fan De Maldiven Wapen fan De Maldiven
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Maldiven
Offisjele taal Dhivehi
Haadstêd Malee
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
298 km²
0,0­%
Ynwenners (2005) 349.106
Munt Rufiyaa (MVR)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 26 july
Lânkoade MDV
Ynternet .mv
Tillefoan 960

De Maldiven is in eilannekloft en lân yn de Yndyske Oseaan. De haadstêd is Malee en de presidint fan de republyk is sûnt 2008 Mohamed Nasheed.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

De Maldiven wurde begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

It lân bestiet út sawat 2000 koraaleilânnen ferdield yn 19 kloften atollen, dêr't ien tsiendepart fan bewenne is. Troch it tropysk klimaat hearsket der trochstrings in temperatuer fan 30 °C. Yn tsjinstelling mei de fauna op it lân is de seedierewrâld rûn de koraalriffen tige ryk oan libben en soarten. De Maldiven binne in wier paradys foar snoarkelers en dûkers en toeristysk goed ûntwikkele.

De eilannen fan de Maldiven hawwe gjin bergen. It heechste punt is 2,4 meter en leit op it Wingily eilân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan de earste bewenners is net alhiel bekend. Neffens guon argeologen wize fynsten derop dat de Maldiven om-ende-by 5000 jier lyn al bewenne wienen. De befolking wie oarspronklik boedistysk, mar nei 1153 waard de islam de nije godstsjinst.

It lân is meastentiids yn de skiednis selsstannich west. Yn 1887 kaam oan dy situaasje in ein doe't de Maldiven ûnder Britsk protektoraat kaam. Lykwols bemuoiden de Britten harren net mei de binnenlânske polityk.

Op 26 julyi 1965 waarden de Maldiven selsstannich. It waard in republyk mei in presidint oan it haad. Sûnt 1978 wie Maumoom Abdul Gayoom presidint dy't fiif kear werkeazen waard. Hy waard yn 2008 opfolge troch Mohamed Nasheed.

Op 26 desimber 2004 waard de Maldiven hiel bot troffen troch de grutte tsûnamy as gefolch fan in ierdskodding yn de Yndyske Oseaan. Likernôch 75 minsken kamen om, 13 bewenne eilannen en 29 toeristeneilannen waarden folslein ferwoaste. .

De haadstêd Malee

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de telling fan maart 2006 hie de Maldiven 298.842 ynwenners dy't sawat allegear de Islamitysk godstsjinst hawwe.