Ekwatoriaal-Guinee

Ut Wikipedy
República de Guinea Ecuatorial
République de la Guinée Équatoriale
República da Guiné Equatorial
Flagge fan Ekwatoriaal-Guinee Wapen fan Ekwatoriaal-Guinee
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ekwatoriaal-Guinee
Offisjele taal Spaansk, Frânsk, Portegeesk
Haadstêd Malabo
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 28.051 km² km²
Ynwenners (2015) 1.222.442
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 12 oktober
Lânkoade GNQ
Ynternet .gq
Tillefoan 240

Ekwatoriaal-Guinee is in lân yn Afrika. De haadstêd is Malabo.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bestiet út in kontinintaal part, de omkriten Mbiny dat wurdt begrinzge troch:

en it eilân Bioko, dêr't de haadstêd Malabo leit.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekwatoriaal Guinee is de lytste steat fan Afrika mei amperoan 28.051 km² grut, dêr't sawat 26.000 km² fan op de fêstewâl Mbiny leit. Der hearre ek ferskeidene eilannen ta it grûngebiet, de grutste dêrfan is Bioko mei 2.017 km². Eartiids wie dat eilân ek bekend ûnder de namme Santa Isabel en Fernando Póo. Op Bioko liet de haadstêd fan it lân Malabo.

Op goed 300 km súdwestlik fan Mbiny leit it lytsere eilân Annobón. Bioko en Annobón binne ûntstien troch fulkanyske aktiviteit.

De heechste punt is de Pico Basile op 3,008 meter hichte. De wichtichste rivier is de Uola.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekwatoriaal Guinee beskikt oer in tropysk reinwâld klimaat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekwatoriaal Guinee waard yn de 19e iuw in koloanje fan Spanje. It krige ûnder diktator Franco selsbestjoer en waard yn 1968 ûnôfhinklik. Francisco Macías Nguema fan de PUNT wie de earste presidint fan de nije steat.

Yn 1968 waarden nei anty-Spaanske rellen alle Spanjerts it lân útsetten. Presidint Macías Nguema makke fan it lân in diktatuer en himsels ta presidint foar it libben. Tsjinstanners fan syn rezjym liet er massaal eksekutearren.

Troch in koup ûnder lieding fan generaal Teodoro Obiang Nguema Mbasogo, in neef fan de presidint waard yn 1979 in ein makke oan it bewâld fan Macías Nguema. Nguema waard eksekutearre en Mbasogo de nije presidint. Under Mbasogo waard it wol wat frijer, mar hy tred like hurd op tsjin tsjinstanners fan it rezjym.

Yn 1991 waard it mearpartijenstelsel ynfierd. Politike partijen (útsein de PDGE) moatte har lykwols oan safolle regels hâlde dat sy net echt opposysje fiere kinne. Tsjintwurdich (2008) is Mbasogo noch hieltyd staetshaad fan Ekwatoriaal Guinee.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste etnyske groepen fan it lân binne twa Bantûstammen, de Fang en de Buby, dêr't de Fang de grutste groep fan foarmet mei goed 80% fan de befolking. It oare folk, de Buby wenje fral op Bioko. De offisjele taal is it Spaansk.

Om-ende-by 80% fan de befolking is Katolyk en 20% oanhinger fan in natoerreligy.