Atletyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Atletykbaan

Atletyk is in sammelnamme foar ferskillende sporten. It begryp komt út de klassike âldheid. De minsken dy't doe libben begûnen dus mei kompetive sport, dy't se mei de krêft fan it eigen lichem dwaan koenen, lykas hurdrinne, smite en springe.

By it hurdrinnen binne der farianten lykas de estafette, hindernisrinne en hurdwannelje. By de mearkamp komme ferskate atletykûnderdielen op it aljemint, dyjinge dy't de measte punten by de ferskate ûnderdielen hellet is dêr de winner. Dêrneist binne der noch smytûnderdielen lykas it diskussmiten, spearsmiten en kûgelstjitten. By de springûnderdielen giet it ûnder oare om fierspringe, heechspringe en heechspringe mei polsstôk.

De wichtichste ynternasjonale atletykorganisaasje is de International Association of Athletics Federations.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen