Pierre de Coubertin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pierre Baron de Coubertin

Pierre de Frédy, Baron de Coubertin (better bekend as Pierre (Baron) de Coubertin) (Parys, 1 jannewaris 1863Genêve, 2 septimber 1937) wie in Frânsk histoarikus en pedagooch dy't bekend wurden is as de oprjochter fan de moderne Olympyske Spullen. Hy wie de twadde foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee. Neffens Pierre de Coubertin wie "meidwaan wichtiger as winnen".

De Coubertin die sels mei oan de Olympyske Spullen fan 1912 ûnder de skûlnammen Georges Hohrod en M. Eschbach en wûn in gouden medalje by it ûnderdiel literatuer. Dy wedstryd stie oant en mei de Olympyske Simmerspullen fan 1948 op it programma.