Seus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Jupiter fan Smyrna, de Romeinske tsjinhinger fan Seus, fynst yn Smyrna, 1680

Seus is in figuer út de Grykske mytology. Hy is de oergod, dy't hearsket fan boppe de berch Olympus. Hy wie de soan fan Kronos (latyn: Saturnus) en Rheia, twa fan de tolve Titanen, de machtige soannen en dochters fan Ouranos, de himmelgod. Kronos wie de opfolger fan Ouranos.
It ekwifalint fan Seus by de Romeinen is Jupiter.

Syn namme betsjut yn it Yndo-Europeesk Djev = strielende, besibbe mei it Latynske dies = dei), wat tsjut op besibbenis mei it earen fan de himmel; Seus’ meast wêzentlike funksje is dat fan himmelgod. De natoer yn al har dwaan en litten wie oan him ûnderwurpen. Hy smiet mei bliksem yn de loft, sammele de wolken byinoar en jage harren útien; rein en sniefal waarden troch him feroarsake. Sadwaande jilden ferskate hege bergen as syn ferbliuw: de Ida op Kreta, de Lycaeus yn Arkaadje, mar de ferneamste berch is de Olympus yn Tessaalje. De earn (eartiids it symboal fan it wjerljocht) wie syn hillige fûgel, de iik syn hillige beam, syn skild wie de aegis. Troch bliksems, tongerslagen, reinbôge en de flecht fan fûgels joech Seus foartekens oan de minsk.

Al ier yn de skiednis, mooglik al yn de Myseenske tiid (sa'n 1600 oant om 1100 f. Kr.), waard hy de wichtichste god fan it Grykske panteon en rekke de oare goaden op de eftergûn. Hy waard sjoen as haad fan alle goaden. Syn famylje ferbleau by him op de Olympus en wienen oan him ûnderhearrich. Sa waard Seus net allinnich hearser fan de natoer dy't dêryn foar harmony soarge, mar ek hearsker fan de maatskiplike oarder. Keningen en foarsten ûntlienen harren macht oan Seus en wienen oan him ferantwurding skuldich. Hy wie de riedjouwende god, hoedzjer fan folksgearkomsten en seach er ta op it handhaventje fan ûnthjitten. Ek de húshâlding stie ûnder syn hoede: as Seus Herkeios (= Beskermer fan de hof) hie hy in alter op it binnenplak fan in wente.