Hynstesport op de Olympyske Simmerspullen

Ut Wikipedy

De Hynstesport is in sport dy't fan de twadde moderne Olympyske Spullen ôf op it Olympyske programma stiet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hynstesport stie tidens de Spullen fan 1900 yn Parys foar it earst op it programma. Mar tidens de Spullen fan 1904 en 1908 waard it net yn it programma opnaam. Pas tidens de Spullen fan 1912 yn Stokholm kaam it wer werom op it programma. Tidens de Spullen fan 1956 yn Melbourne waard de Hynstesport yn in oar lân hâlden as de rest fan de Spullen fanwege de karantêneregleminten yn Austraalje. De hynstesport hie dêrom plak yn Stokholm. Oant en mei de Spullen fan 1948 mochten alline militairen meidwaan oan de hynstesport op de Spullen. Sûnt de Spullen fan 1952 yn Helsinky meie ek gewoane boargers en froulju meidwaan oan it hynsteriden by de Olympyske Simmerspullen, dêr waard ek fuort troch in frou in medalje wûn opfollend hjirby wie dat dizze frou Lis Hartel ek noch in lichaamlike beheining hie. manlju en froulju binne yn de hynstesport lykweardich en hawwe gjin apparte kompetysje.

ûnderdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hynstesport bestiet út trije ûnderdielen: dressuer, springe en eventing. Yn it ferline hawwe ek Foltiizje, Fierspringe en Heechspringe ûnderdiel útmakke fan it Olympyske programma.

ûnderdiel 00 12 20 24 28 32 36 48 52 56 60 64 68 72 76 80 84 88 92 96 00 04 08 12
Dressuer, yndividueel X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X
Dressuer, lannen X X X X X X X X X X X X X X X X X X X
Eventing, yndividueel X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X
Eventing, lannen X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X
Fierspringe X
Foltiizje, yndividueel X
Foltiizje, lannen X
Heechspringe X
Springe yndividueel X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X
Springe, lannen X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X

Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De top tsien fan lannen dy't by it swimmen medaljes wûn ha tidens de Olympyske Simmerspullen.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 21 10 11 42
2 Sweden Flagge fan Sweden SWE 17 10 14 41
3 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 12 12 10 34
4 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 11 20 18 49
5 West-Dútslân Flagge fan West-Dútslân FRG 11 5 9 25
6 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 10 10 2 22
7 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 7 9 7 23
8 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 6 9 12 27
9 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 6 5 4 15
10 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 6 3 2 11

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Sport op de Olympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Boksen | Bôgesjitten | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skermjen | Strânfollybal | Swimmen | Taekwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen |
Sporten út it ferline: Cricket | Croquet | Hôftennis | Honkbal | Lacrosse | Motorboatracen | Pelota | Polo | Rackets| Roque | Softbal | Toulûken |
wizigje


Hynstesport op de Olympyske Simmerspullen
Parys 1900 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Stokholm 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko-Stêd 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
wizigje