Lichaamlike beheining
Ut Wikipedy
| Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
In lichaamlike beheining is in beheining oan 'e lea.
oarsaken [bewurkje seksje]
Der is in grut ferskaat oan oarsaken fan in lichaamlike beheining:
- ta gefolg fan in ûngelok: dwerslesy,amputaasje
- ta gefolg fan soerstof gebrek by as nei de berte: harsenferlamming
- ta gefolg fan ôfwikingen troch it gebrûk fan medisinen foar tidens it swierwêzen: Softenon-bern
- ta gefolg fan ôfwikingen ûntstean tidens de ambryonale ûntwikkeling: Iepen Rêch, Hazzelippe
- ta gefolg fan sykte: Spiersykten, Multipele Sclerose, Stofwikselingssykten
- ta gefolg fan âlderdom: Demintens, Sykte fan Parkinson
- ta gefolg fan problemen mei it lykwicht: harsensblieding
Funksjonearjen [bewurkje seksje]
Ofhinklik fan de aard fan de beheining kin gebrûk makke wurde fan helpmiddels om it funksjonearjen fan de persoan mei in lichaamlike beheining te ferbetterjen:
- Protezen foar persoanen mei amputaasjes mar protezen moat ek tocht wurde oan keunstheupen en knibbels by persoanen meireumatyk
- Krukken, Rollator, Rolstoel, Skootmobyl, foar persoanen mei ferlammings ta gefolch fan in iepen rêch en in dwerslesy as problemen mei it lykwicht by beheiningen as gefolch fan in harsensblieding
Troch dy helpmiddels ha in grut part fan de persoanen mei in lichaamlike beheining gjin as mar in bytsje beheiningen yn it funksjonearjen yn it deistich libben. Yn hoefier as de helpmiddels de beheiningen opheffe hinget fan de beheining ôf en of it helpmiddel by de persoan past. Der bliuwt altyd in groep dy't sa slim beheind is dat it amper mei helpmiddels te ferhelpen is.