Rolstoel

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


In rolstoel foar deistich gebrûk
In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk
In rolstoel foar tydlik gebrûk

In rolstoel is in helpmiddel foar it ferfier fan minsken dy't min of net rinne kinne.

Oer rolstuollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rolstoel is in stoel mei tsjillen, en ôfhinklik fan it model:

  • beweget de persoan dy't yn de rolstoel sit himsels foarút mei de hannen;
  • wurdt de persoan yn de rolstoel treaun troch in oar persoan;
  • befettet de rolstoel in elektromotor dêr't de rolstoel mei oandreaun wurdt.

Der is in soad ferskaat yn rolstuollen. Hokker rolstoel geskikt is, hinget ôf fan allegear faktoaren. Foaral fan wat de persoan allegear kin en mei de rolstoel dwaan wol. Foar minsken dy't net rinne kinne, is in rolstoel faak de ienichste ferfanging fan de fuotten.

Yn rin fan de jierren is der troch de tapassing fan moderne konstruksjes en lichte materialen lykas karbon en titanium, in breed assortimint foar eltse tapassing leverber. Ek de bestjoering fan elektrysk oandreaune rolstuollen kin op ferskate manieren.

Ek de rollator, skootmobyl en hânfyts wurde faak diels as rolstoel beskôge, mar se binne dat beslist net. Foar in skootmobyl en in hânfyts jilde der hiele oare regels as foar rolstuollen.

Triuwrolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Triuwrolstoel sa as yn gebrûk op in ynternasjonaal fleanfjild

In triuwrolstoel is in rolstoel dy't net troch de persoan dy't yn de rolstoel sit, sels op gong brocht wurde kin. Sa'n rolstoel is bedoeld om minsken mei slimme, faak mearfâldige beheiningen, te ferpleatsen. Ek wurde triuwrolstuollen faak brûkt yn sikehuzen en op fleanfjilden om minsken dy't net fier rinne kinne te ferfieren. De rolstoel wurdt op gong brocht troch te triuwen tsjin twa hânfetten dy't befêstige binne oan de efterkant fan de rolstoel. In triuwrolstoel is te werkennen oan fjouwer lytse tsjillen. Somtiden liket in triuwrolstoel op in hânbewege rolstoel, mar is it net. Men kin him werkenne oan in kantelferstelling en fier nei efteren pleatste tsjillen. Dy triuwrolstoullen wurde faak brûkt troch persoanen dy't net aktyf sels de rolstoel op gong bringe kinne. In triuwrolstoel is faak útrist mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Hânbewege rolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hânbewege rolstoel is in rolstoel dy't troch de persoan dy't yn de rolstoel sit sels op gong brocht wurde kin. Dy rolstoel soarget derfoar dat immen himsels selsstannich ferpleatse kin. De rolstoel wurdt op gong brocht troch mei de hannen mei behelp fan hoepels dy't oan de tsjillen sitte te bewegen. Der binne ferskate types hânbewege rolstuollen.

Frame[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It frame fan in moderne hânbewege rolstoel bestiet út ien stik of is opfouber en makke fan in metaallegearing of komposytmaterialen, lykas: titanium, aluminium, karbon en kromolybdeen. In rolstoel mei in optearber frame wurd faak as maklik mei te nimmen sjoen mar oan in optearber frame sitte ek in soad losse ûnderdielen en nimt dêrtroch in soad romte yn, en is minder stabyl as in fêst frame dat bestiet út ien stik. In rolstoel mei in optearber frame is dêrom ek net sa geskikt foar yntinsyf gebrûk. De meast brûkte opfousysteem is dy mei in fertikale x ek wol X-brace neamd. foar dit optearsysteem waard yn 1933 patint oanfrege troch de Amerikaanske fabrikanten Everest and Jennings. Moderne optearbere rolstuollen ha tsjintwurdich ek wol in optearsysteem mei in horizontale x en der binne rolstuollen wêr't de rêchleuning foaroer klapt wurde kin en de fuottesteun efteroer. By fêstframe rolstuollen komme meardere soarten frames foar. De Boks frame, de heal boks frame, de minimaal frame en de trijetsjil T frame. Dat lêste frame soart wurdt foaral brûkt by rolstuollen foar tennis en wheelen mar en ek wol by berne rolstuollen. De minimal frame waard yn 1985 foar it earst tapast troch de Switserske atleet en rolstoelfabrikant Rainer Küschall.

Jasbeskermers en earmleuningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jasbeskermers soargje der foar dat de klean skjin bliuwe en dat de klean net yn de tsjillen komme kinne. Jasbeskermers wurde faak makke fan keunststof, karbon as aluminium. Earmleunings soargje der lykas jasbeskermers ek foar dat de klean fan de persoan dy't yn de rolstoel sit skjin bliuwe en net yn de tsjillen komme kinne mar earmleunings soargje dêrnêst foar ekstra ûndersteuning fan de persoan yn de rolstoel en soargje der foar dat persoanen makliker stean gean kinne fan út de rolstoel. Earmleuningen wurde dan faak ek brûkt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebrûk.

Fuotplaten en fuotsteunen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fuotten fan in persoan yn in rolstoel steune op in fuotplaat as op fuotsteunen. In fuotplaat sit faak oan it frame fêst en wurdt meastentiid brûkt op in rolstoel mei in fêst frame. Mar je ha ek fuotplaten dy't opfouber binne dy't likje op fuotplaat dy't likje op dy't fêst oan it frame sitte. Fuotsteunen sitte faak los fan it frame en wurde oan it frame fêstset mei in pen yn gat ferbining. Dizze fuotsteunen ha in soad ynstelmooglikheden en kinne opklapt en fuortklapt wurde sadat de persoan dy't yn de rolstoel sit makliker opstean kin út de rolstoel wei. Fuotsteunnen wurde dan ek faak brûkt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebrûk. Fuotplaten en fuotsteunen wurde meastentiids makke fan keunststof mar ek wol fan karbon. By rolstuollen mei in fêste fuotplaat is de fuotplaat faak fuortdaliks ûnder de knibbels as dêr efter montearre, dit soarget foar in aktive sithâlding.[1] Fuotsteunen binne faak troch de beweachberens fan de steunen foar de knibbels pleatst sadat se maklik fuortklapt wurde kinne en de ynstelberens behâlden wurdt, mar it behindert al in aktive sithâlding en dêrtroch moat de rêchleuning wat heger wêze as by de fêste fuotplaten.

Rêchleuning en sitkêssen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rolstoel is meastentiids útrêste mei in stoffen rêchleuning mar ek keunstof en karbon rêchleunings beklaaid mei stof komme foar, in rêchleuning is foaral bedoeld om te soargjen foar foldwaande steun yn de ûnderrêch. Is in rêchleuning te heech dan belemmert dat de beweechberens fan de persoan dy't yn de rolstoel sit mar soarget der ek foar dat de bekken efteroer kantelt mei in bolle rêch en in soad wurgens ta gefolch. It sitkêssen moat der foar soargje dat de persoan yn de rolstoel foldwaande ûndersteund wurd, soarget foar komfort, en dat der gjin trochlisferwûnings ûntsteane. Komfort hâld net allinne nofflik sitte yn mar ek dat it kêssen maklik yn gebrûk, en maklik skjin te meitsjen is. En trillingen fan it (bûten) riden opfangt. It sitkessen moat ek soargje foar ûnderteuning, dit om te foarkommen dat de persoan yn de rolstoel by eltse beweging dy't hy of sy makket bygelyks by it oppakken fan in pinne dy't op 'e grûn fallen is al út de rolstoel falt. Dêrom moat in sitkessen soargje foar foldwaande ûndersteuning nei foaren en nei siden ta, wêrtroch it bekken in fêst punt wurde yn it kêssen. Om trochlisferwûnings te foarkommen moat it kêssen nêst boppesteande saken ek soarge foar yn goede drukferdieling om pieken yn de druk te foarkommen. Der binne in ferskaat oan fullingen foar sitkêssens, der binne kêssens dy't folt binne mei skûm, mei loft, as mei gel en der binne kêssens mei in kombinaasje fan dizze fullingen.

Tsjillen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faak fjouwerentweintich inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk en tydlik gebrûk sitte se ek faak ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjillen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintich speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elkoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjillen mei gewoane speaken wurde faak speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de fingers fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrich lyts berntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunststof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfoar en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faak fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen. De foartsjillen binne faak fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstân. rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk ha faak gruttere foartsjillen. Ôfhinklike fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.

Remmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne rûchwei twa soarten remmen de standaard fertikale remmen en de skjirre remmen dat binne horizontale remmen. In Rem bestiet út twa dielen de remhendel en it remstik. De remmen wurde fan slytfêst materiaal makke. En moatte sa op de rolstoel montearre wêze dat as de rolstoel op de rem stiet de eftertsjillen net nei efteren drukt wurde. Fierder kinne de remmen útfierd wurde mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Typen hânbewege rolstuollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne trije typen hânbewege rolstuollen, der binne rolstuollen foar deistich, foar ynsidinteel, en foar tydlik gebrûk, hjirûnder folget in útlis oer de ferskillen yn dizze typen.

Deistich gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rolstuollen foar deistich gebrûk wurde yntinsyf brûkt fan it momint ôf fan bêd kommen oant it momint fan wer op bêd gean. Dy rolstuollen ha mei yndividuele oanpassings foar de persoan dy't yn de rolstoel sit. In rolstoel foar deistich gebrûk ha faak in fêst frame mar ek ynklapbere ferzjes komme foar. In rolstoel foar deistich gebrûk mei net mear as tsien kilogram weagje. Dy rolstuollen binne bedoeld foar persoanen dy't net rinne kinne, en wurde faak ek brûkt troch persoanen fan wa't it bynweefsel ûngewoan rekber is.

Ynsidinteel gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk is bedoeld foar it gebrûk bûtenshûs om bygelyks boadskippen dwaan te kinnen, as nei in attraksjepark te gean. Dy rolstuollen binne foar persoanen dy't net fierder rinne kinne as hûndert meter. De rolstoel is almeast opfouber en hat faak yndividuele oanpassingen. In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk waget ûngefear alve oant fyftsjin kilogram. Deistich yntinsyf gebrûk fan dizze rolstoel kin slimme lichaamlike skea ta gefolch ha.

Tydlik gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rolstuollen foar tydlik gebrûk binne bedoeld foar minsken mei tydlike beheinings oan de fuotten sa as in brutsen skonk. Dy rolstoel is faak in standertútfiering en faak noch makke fan stiel. En is bedoeld foar ferfier fan bêd nei it húske en fan bêd nei it sikehûs ensafuorthinne. Dy rolstuollen ha gjin yndividuele oanpassingen en weagje sawat tusken de fyftjin en de tweintich kilogram. Dy rolstuollen meie net langer as inkele wiken efterinoar wurde brûkt om slimme lichaamlike skea te foarkommen.

Elektryske rolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In elektryske rolstoel foar binnen en bûtengebrûk.

In elektryske rolstoel wurdt op gong brocht mei behelp fan in elektromotor. De rolstoel kin bestjoerd wurde mei behelp fan in joystick, mar ek mei toetsen of sels mei it bewegen fan de holle. Op in joystick binne ek meardere fariaasjes mooglik. Der binne ferskeidene types elektryske rolstuollen.

Akkus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste ûnderdiel fan in elektryske rolstoel is de akku. De akku moat net allinne de motor op gong bringe, mar moat alle funksjes fan in elektryske rolstoel fan stroom foarsjen. Der binne twa types akku, de wiete akku en de gelakku. De akku makket stroom troch in gemyske reaksje tusken lead en swavelsoer. De wiete akku is licht yn gewicht, mar freget in soad ûnderhâld. Se moatte regelmjittich byfolle wurde mei distillearre wetter. Ek mei dizze akku net mei yn fleantúch flein wurde.
De gelakku is makliker yn ûnderhâld en trochdat der gjin wetter oan tafoege wurde hoecht, kinne se net lekke. Dêrom mei der mei sokke akku's wol flein wurde.[2]

Motor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hânbewege bêrnerolstoel (it anty-kiptsjiltsje is ynklapt op dizze ôfbylding en de triuwhânfetten ûntbrekke)

De elektromotor fan de rolstoel wurdt yn beweging setten troch de akku fan de rolstoel. Wat foar motor der nedich is hinget ôf fan wêr't de rolstoel foar brûkt wurd. Wurd de rolstoel foaral binnenshûs brûkt, wurd der binnen en bûten brûkt, wurdt de rolstoel foar sport brûkt as wurdt de rolstoel brûkt foar rûch terein, In rolstoel dy't foar rûch terein brûkt wurdt hat mear fermogen nedich as in rolstoel dy't allinne mar bûten brûkt wurdt.[3][4]

Betsjinning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De betsjinning fan in elektryske rolstoel bart meastentiids mei in joystick en in betsjinningspaniel. Mei dy joystick kin net allinne it riden en de faasje fan de rolstoel regele wurde mar ek de betsjinning fan de heech/leech fersteling fan de rolstoel, de kantelferstelling fan de rechleuning, de fuottensteunen en de ferljochting fan de rolstoel. Ek kin der mei de betsjinning oare saken betsjinne wurde bygelyks it lûd fan in radio as it iepen en ticht dwaan fan in doar. As de persoan yn de rolstoel net yn steat is om in joystick te betsjinjen dan is der in mooglikheid om in rolstoel te betsjinjen mei de holle yn kombinaasje mei de fuotten. Dit is faak in oplossing foar minsken dy't slim spastysk binne. [5]

Oandriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek by de elektryske rolstoel binne de tsjillen in wichtich ûnderdiel, ommers sûnder tsjillen kin in rolstoel net ride. De tsjillen fan de elektryske rolstoel soargje foar de oandriuwing. Der binne trije farianten mooglik, foartsjil-oandriuwing, middenstjil-oantriuwing en eftertsjil-oandriuwing.

Foartsjiloandriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foartsjiloandriuwing hat as foardiel dat se hiel maklik draaie kinne en komt sûnder al te grutte problemen by obstakels bygelyks stoepen op. In neidiel fan foarstjil oandreaune rolstuollen is dat se net altyd like snel binne.

Middentsjiloandriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sportrolstoel foar de sport wheelen

De mei in middenstjil oandreaune rolstoel hat de oandriuwing op tsjillen dy't yn it midden steane fan de rolstoel en derom hat in middentsjil oandreaune rolstoel seis tsjillen. In grut foardiel fan de middenstiloandriuwing is dat de rolstoel maklik draaie kin yn lytse romten. In neidiel fan in rolstoel mei de oandriuwing yn it midden is dat se fêst kinne komme te sitten op obstakels. Derom wurd dy oandriuwing faak brûkt by rolstuollen dy't allinne binnen brûkt wurde.

Eftertsjiloandriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Eftertsjiloandriuwing is de meast bekinde oandriuwing, en hat as foardiel dat de rolstoel dat de rolstoel stabyl bliuwt by hegere snelhyden, mar de draaisirkel is wol frij grut by in eftertsjil oandriuwing en is dêrtroch net altyd like geskikt om binnen te brûken. [6]

Typen elektryske rolstuollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne trije typen rolstuollen, der binne rolstuollen foar binnen gebrûk en foar off-road/bûten gebrûk, hjirûnder folget in útlis oer de ferskillen yn dy typen.

Binnen gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In elektryske sportrolstoel foaral brûkt foar de sport hokky

Dit binne elektryske rolstuollen mei lytse tsjiltsjes en beheinde ôfmjittings. Se sjogge der faak út as in burostoel en ha in beheinde gong, maksimaal seis kilometer yn it oere.

Binnendoar en bûtendoargebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is de meast bekende elektryske rolstoel. Hy hat grutte tsjillen efter en lytse tsjillen foar. Dizze rolstoel hat in gong fan njoggen oant fjirtjin kilometer yn it oere en is oeral te brûken útsien net ferhurde diken.

Off-road/bûtendoar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit binne grutte stoer eagjende rolstuollen mei faak fjouwertsjiloandriuwing. Se binne geskikt foar gebrûk op net ferhurde diken bygelyks yn it bosk as yn de drek. Foar op it strân binne se in bytsje minder geskikt, troch de sângefoelige parten yn de motor. Dy rolstuollen binne tige sterk.

Bernerolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In dûsrolstoel

In bernerolstoel is in rolstoel spesjaal makke foar bern. In bernerolstoel kin in triuw, hânbewege as elektryske rolstoel wêze. De triuwrolstoel hâlde we hjirre efterwêge om't dy technysk net oars is as de triuwrolstoel foar folwoeksenen. By in bernerolstoel moat foaral sjoen wurde nei de meigroeiberens fan de rolstoel, sadat in bern der net al binnen in jier der út groeit. Fierders heart in hânbewege rolstoel foar bern oant en mei fiif jier âld foarsjen te wêzen fan anty-kyptsjiltsjes efter de rolstoel (fergelykber mei de sidtsjillen op bernefytsen), triuwhânfetten en speakbeskermers, dy't der binne om de feiligens by gebrûk te fergrutsjen. De anty-kiptsjiltsjes binne net winsklik by persoanen boppe de fiif jier âld mei in rolstoel foar deistich of ynsidinteel gebrûk, om't de anty-kiptsjiltsjes nêst it fergrutsjen fan de feiligens, ek de selsstannigens slim beheine. By in elektryske bernerolstoel is it fan belang dat troch in heech/leech ferstelling it bern gewoan oan tafel sitte kin as selsstannich guod fan it oanrjocht pakke kin. Foar de feiligens mei in elektryske rolstoel foar bern mar mei in beheinde gong ride kinne. Ôfhinklik fan de leeftyd is dat tusken de seis en de tsien kilometer yn it oere.

Sportrolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In strânrolstoel

In sportrolstoel is in rolstoel dy't spesiaal makke is om mei te sporten. Eartiids waard de gewoane rolstoel brûkt mar yn de rin fan de jierren is foar eltse sport in eigen rolstoel ûntwikkele mei eigen easken.

Hânbewege sportrolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hânbewege sportrolstoel is in rolstoel bedoeld foar it beöefenjen fan sport en hat yn alle sporten syn eigen spesifike easken. In algemien foarkommen kenmerk fan sportrolstuollen is dat de tsjillen ekstreem skean steane. Der binne spesjale rolstuollen foar:

Elektryske sportrolstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze rolstuollen kinne tige fluch ride, fan trettjin en in heale kilometer yn it oere ôf, en binne tige manûfrearber. Dy rolstuollen ha ek in bumper oan de foarkant om de rolstoel en de persoan dy't der yn sit te beskermjen by it botsen. Yn ús lân wurde dy elektryske sportrolstuollen foaral brûkt foar rolstoelhokky

Spesjale rolstuollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêst boppesteande rolstuollen binne der ferskate spesjale rolstuollen:

  • strânrolstoel - rolstoel mei ballonêftige tsjillen foar gebrûk op it strân
  • dûsrolstoel - rolstoel geskikt foar ûnder de dûs
  • húskerolstoel - rolstoel geskikt foar op it húske. Faak yn in kombinaasje fan dûs en húskerolstoel.
  • swimbadrolstoel - rolstoel geskikt foar gebrûk yn in waarme fochtige omjouwing as in swimbad en in sauna.
  • XL Rolstoel - rolstoel mei in ekstra grutte sitbreedte en het gewicht wat de rolstoel ha kin is sawat fjouwerhûndert kilo. De XL rolstoel wurdt faak brûkt foar persoanen mei obesitas.

Under it begryp 'rolstoelfyts' falle ferskeidene kombinaasjes fan fyts en rolstoel en heare dêrtroch net ûnder de rolstuollen mar ûnder de fytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ynformaasje oer sitten en ynstellen fan stoelen
  2. Wheelchair Batteries: Fuelling Mobility
  3. Motors - What to look for
  4. Wheelchair Motors Work
  5. Sturen met de hoodfbediening
  6. Power Wheelchair Features and Components
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rolstoel fan Wikimedia Commons.