Tryater

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
logo Tryater

Tryater is in Frysk teaterselskip dat yn 1965 oprjochte is. It selskip spilet in grut ferskaat stikken foar in breed publyk: foar jongerein en famyljefoarstellings. Tryater siket mei syn Fryske stikken safolle mooglik de maatskiplike en aktuele ûntwikkelings yn Fryslân ( 'Geweld...Nee', de 'Ierlân-trilogy' of 'De dea fan in hannelsreizger' ). Sûnt 2001 hat Tryater in eigen gebou.

Ynhâld

Skiednis[bewurkje seksje]

It Frysk Nasjonael Boun socht yn 1963 in manier om de Nijjierssit oantrekliker te meitsjen. Anne Wadman hie dêrta in stik fan Sartre oersetten. 'In slet fan tsien dollar' waard ûnder profesjonele regy fan Pyt van der Zee útfierd en troch in tal bettere amateurspilers op de planken brocht. Op deselde basis waarden letter noch in pear stikken spile en yn 1965 waard de "Fryske Toanielstifting" oprjochte. Yn 1969 waard de Stifting "Tryater" doopt. Fjouwer topspilers út de semi-profesjonele toanielrûnten krigen in fêst kontrakt. Earst yn 1985 krige it selskip rykserkenning. Hjoededei is Tryater it âldste professionele tonielselskip fan Nederlân.

Lokaasjes[bewurkje seksje]

Tryater spilet op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op lokaasje. Sa spile Tryater op it Starteilân by Snits. Foar jeugd, jongerein en folwoeksenen. It spilet in hieltyd grutter tal foarstellingen, fan 276 yn 1996 oant 1165 yn 2002. Tsjintwurdich komme der wol 50.000 minsken te sjen. Tryater spilet bytiden yn Grinslân en Drinte, in inkele kear sels yn it bûtenlân. Sa waard 'Geweld...Nee', spile yn Oksitaanje (Frankryk) en Wales (Grut Brittanje). Yn 2006 waard in lytse toernee dien fan 'Rolling Home' foar de Friezen yn Ontario (Kanada).

Stikken & projekten[bewurkje seksje]

Spektakelstikken[bewurkje seksje]

  • Abe!
  • Peer Gynt
  • Orfeo Aqua (koproduksje)
  • Kening Lear
  • Pak ‘m Stanzi
  • De Heeren van het Veen (koproduksje)
  • 11Stêdetocht

Underwiis-Teaterprojekten[bewurkje seksje]

  • Geweld...nee!
  • Walther P5
  • Rude
  • Clash!

Berneteater[bewurkje seksje]

  • It húske dat ferhuze
  • It eksperimint fan de hear Borgers
  • Lastig portret
  • Fan Rein de Foks
  • Dach Mûnster
  • It húske dat ferhuze
  • Het huisje dat verhuisde (Nederlânsktalige ferzje)
  • Abiku
  • De Lytse Seemearmin
  • Uh...wurd socht

Famyljefoarstellingen[bewurkje seksje]

  • Ronja de Rôversdochter
  • Matilda
  • It Mirakel fan Hansje Brinker
  • Liuwehert (2006)
  • De Striid om de Sulveren Bal (2009)

Kluchten en komeedzjes[bewurkje seksje]

  • Wát in teater!
  • De ynbylde sike
  • Ald Papier
  • Baarderlan
  • Blowin

Lytse lokaasjeproduksjes[bewurkje seksje]

  • Twa
  • Rolling Home
  • Salted
  • Trije Susters

Minsken[bewurkje seksje]

Artistyk lieders[bewurkje seksje]

Inkelde spilers[bewurkje seksje]

Skriuwers[bewurkje seksje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje]

Webstee fan Tryater.