Rein de Foks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It stânbyld fan Rein de Foks yn it Sieusk-Flaamske Hulst.

Rein de Foks, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Van den Vos Reynaerde, is in dichtwurk fan 3.469 fersregels dat om 1260 hinne skreaun waard troch in auteur dy't inkeld bekend is ûnder de skûlnamme Willem die Madocke maecte. It wurdt gauris beskôge as in fabel, mar eins is it in epos wêryn't de haarollen ferfolle wurde troch antropomorf (mei minsklike eigenskippen en attributen) beskreaune bisten. Van den Vos Reynaerde is fierwei it meast ferneamde wurk fan 'e Midsieuske Nederlânske literatuer. It waard yn 1973 oerset yn it Frysk troch Klaas Bruinsma.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

De woartels fan Van den Vos Reynaerde rikke tebek nei de Esopet, de fabelsamling fan 'e dichter Aesopus, út 'e klassike Aldheid. Om 1100 hinne ferskynde der in Latynsktalich biste-epos, de Ysengrimus. Dêryn hawwe bisten foar it earst nammen en wurdt de haadrol spile troch in wolf. Mar Van den Vos Reynaerde is nei alle gedachten it meast basearre op it Aldfrânske ferhaal Le Plaid ("It Pleit"), dat ta de Roman de Renart heart. Dat is in samling ferhalen oer foksen, dy't koart foar 1160 ferskynde.

Van den Vos Reynaerde is net samar in fermaaklik teltsje oer pratende bisten; it moat fral sjoen wurde as in maatskippijkrityske satire. De hegere stannen, de adel en de geastlikheid, moatte it flink ûntjilde. Ferskate kearen wurdt der fan preesters rept dy't krekt it tsjinstelde dogge fan wat de Bibel foarskriuwt, of dy't har neat gelegen lizze litte oan it selibaat. En de adel wurdt yn Van den Vos Reynaerde foarsteld as in kliber loaie, domme en ynkompetinte liddichgongers.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Kening Nommel hâldt in hofdei, dêr't al syn ûnderdienen foar opdrave moatte. Der is lykwols ien dy't him nearne wat oan gelegen lizze lit en net opdaagjen komt, en dat is Rein de Foks. Underskate bisten dogge by de kening har beklach oer him, lykas Isengryn de Wolf, waans frou oft er ferkrêfte hat, en Kanteklear de Hoanne, waans bern oft er opfretten hat. Kening Nommel lit Rein dêrop ûntbiede troch Brún de Bear. Rein praat derop om om mei de ûnnoazele Brún te gean, mar makket de suffert dan opmerksum op hunich yn in beam dy't er iepenspjalte hat. Brún lit him troch dy lekkernij ferliede, wêrop't Rein gau de kilen út 'e spjalt slacht, sadat de bear fêst komt te sitten. In breinroere kliber doarpelingen ûntdekt Brún wylst er dêr sa warleas fêstsit, en jout him in flink wan bruien. Bliedend dript er úteinlik wer ôf nei it hof.

Dêrop stjoert de kening Tybert de Boarre, dy't wat snuggerder is. Rein wit him lykwols op te sluten yn it hinnehok fan in kattehaatsjende pastoar, en op 'e nij wurdt de keningsboade fiks ôfseame ear't er nei it hof weromkeare kin. Dan stjoert de kening Grymbert de Das, dat in neef fan Rein is. Dy wit mei ferstannige oerreding de foks safier te krijen dat er oan it befel fan 'e kening gehoar jout en meikomt nei de hofdei.

As er dêr ienris oankommen is, besiket Rein op alle mooglike manearen ûnder in fertsjinne bestraffing út te kommen, en as er úteinlik allinnich is mei de kening en keninginne, fertelt er harren dat in stikmannich oare bisten tsjin har gearspanne, mei dêrûnder Isengryn de Wolf, Tibert de Boarre en Grymbert de Das. Se binne fan doel om Brún de Bear yn it stee fan Nommel op 'e troan te setten, en hawwe al in grutte skat oan rykdommen opgarre om harren opstân fan te bekostjen. Allinnich Rein wit wêr't se dy skat ferburgen hawwe, en as de kening Rein no frijsprekt fan alle beskuldigings, wol hy him wol fertelle wêr't dat is. De deune Nommel liket dat in skoander plan ta. Hy lit Rein frij en set ynstee alle "gearspanners" finzen. Dêrop neamt Rein in plak dat moai fier út 'e reek is, sadat er de tiid hawwe sil om fuort te kommen ear't de kening útfynt dat er skat en gearspanning beide út 'e tomme sûgd hat.

Rein wurdt nei syn frijlitting ynienen tige kristlik, en kundiget oan dat er op beafeart nei Rome sil. Hy freget om en kriget in stik fan 'e (noch libbene) Brún syn hûd om in pylgertas fan te meitsjen. Rein wurdt thúsbrocht troch Kiuwert de Hazze en Belyn de Raam. Yn syn fokseboarch fermoardet er Kiuwert, en dêrop stjoert er Belyn mei de pylgertas werom nei de kening. Rein hat Belyn wiismakke dat der in wichtich brief yn 'e tas sit, mar as Nommel deryn sjocht, fynt er de ôfbiten kop fan Kiuwert de Hazze. No hat Nommel sa stadichoan syn nocht fan Rein, dat hy set mei in kloft eallju nei de fokseboarch ta om rjochtdei oer de smjunt te hâlden, mar Rein hat al lang fan ruten spile en is de wyldernis yn flechte.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan Van den Vos Reynaerde ferskynde yn 1973 ûnder de titel Rein de Foks, mei as ûndertitel Nei it âldste Flaemske hânskrift forfryske, by útjouwerij Alternatyf te Bûtenpost. De 103 siden tellende Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't folle letter ferneamd wurde soe mei syn Fryske oersettings fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Yn 2004 hat Tryater fierders in Frysktalige foarstelling op 'e planken brocht nei in bewurking fan Van den Vos Reynaerde, mei as titel Fan Rein de Foks: In Foks Ferliest Noait Syn Streken. Dêr is doe ek in lykneamd boekje fan útjûn fan 18 siden.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Willem die Madocke maecte, Rein de Foks: Nei it âldste Flaemske hânskrift forfryske (oers. Klaas Bruinsma), Bûtenpost, 1973 (Alternatyf), sûnder ISBN.
  • Willem die Madocke maecte, Fan Rein de Foks: In Foks Ferliest Noait Syn Streken (toanielbewurking fan Tryater), Ljouwert, 2004 (Tryater), sûnder ISBN.