Peter Sijbenga

Ut Wikipedy

Peter Sijbenga (Ljouwert, 1964) is komponist en multy-ynstrumintalist út Reduzum. Hy spilet basgitaar, elektroanika, gitaar, synthesizer, toetsynstruminten en hy sjongt. Fan 1985 oant 1987 siet er yn 'e Fryske punkband It Dockumer Lokaeltsje. Letter spile er yn Deinum, dêr't er ien Frysktalige (Bernewrâld) en ien Ingelsktalige CD mei útbrocht.

Sûnt midden njoggentiger jierren makket hy muzyk foar teäterproduksjes fan teäterselskip Tryater û.o. Hamlet (1995), Pak 'm Stanzi (1997/8), Kening Lear (2003), Abiku, Peer Gynt, 11stêdetocht (2008/9). Foar de lêste twa produksjes wurke hy gear mei slachwurker Sietze Pruiksma. Ek wie er belutsen by de iepening fan Sportstêd It Hearrenfean. De musical Tritichtûzen doazen skreau hy yn gearwurking mei Baukje Wytsma. Fierders wie hy tweintich jier lang fêste begelieder fan Rients Gratama en wurke hy mei oan foarstellings fan it Noard Nederlânsk Toaniel en tg.Max..

De lêste jierren makket Sijbenga ek geregeld Fryske oersettingen foar teäter en skriuwt er toanielteksten. De tekst foar de famyljefoarstelling "It Geheim fan 'e Kânselier" fan Tryater, dy't jannewaris 2012 yn premjêre gong, is troch him skreaun.

Spile yn besetting fan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]