Alyt Damstra

Ut Wikipedy

Alyt Damstra (Drachten, 2 desimber 1983) is in Frysk aktrise en kommunikaasjewittenskipper.

Se gie nei it gymnasium yn Drachten, studearre yn 2006 ôf oan de Akteursoplieding yn Utert. Al yn har opliedingstiid wie se te sjen yn foarstellings fan Tryater en de Paardenkathedraal. Foar har rol yn de eineksamenfoarstelling Fam. ûnder rezjy fan Titus Tiel Groenesteege waard se nominearre foar de Kemn-a-ward.

Alyt spile dêrnei rollen yn ferskate produksjes as Polaroid en Drie zusters by Tryater, Arsenicum en oude kant by it Thrillertheater en Vrijdans by it Nieuw Utrechts Toneel. De foarstelling Eintsje Libben dêr't se mei Jan Arendz en Rients Gratama yn spile waard nominearre foar de Toanielpublykspriis. Fierders die se mei oan de Studio by it Onafhankelijk Toneel en wie se te sjen yn Midzomernachtsdroom, in produksje fan de Toneelschuur yn Haarlim foar Oerol 2009.

Neist it teaterwurk spile Alyt yn ferskate commercials en wie se op telefyzje te sjen as de pittige office manager fan it abbekatekantoar yn de rige Dankert en Dankert en De hel fan 63 fan Steven de Jong. Sa wie se yn 2008 te sjen yn in commercial fan Cup-a-soup. Se wurket as presintatrise by it skoalletelefyzjeprogramma Tsjek.

Sûnt 2010 studearret en wurket se oan de Universiteit fan Amsterdam.

Rollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De orde van de dag november 2011 - Stadsschouwburg Utert (2011)
  • De Presidintes - Tryater (2011)
  • Down South - Tryater (2010)
  • Geweld... nee - De Utrechtse Spelen (2009)
  • Midzomernachtsdroom - Stichting Toneelschuur Producties ( 2009)
  • Nooit meer pauze(n) - Teatergroep Inka Parka (2008)
  • 11 Stêdetocht - Tryater (2008)
  • Eintsje libben - Tryater (2008)
  • Het Breezerkind en de dichter - It NUT (Nieuw Utrechts Toneel), (ôflevering 7, 2008)
  • De FILF en het Breezerkind - It NUT (Nieuw Utrechts Toneel), (ôflevering 6, 2008)
  • Arsenicum en oude kant - Het Thriller Theater (2007)
  • It hûs moat leech - Tryater ( 2007)
  • Trije Susters - Tryater (2007)
  • Polaroid - Tryater (2007)
  • Texas - De Paardenkathedraal (2006 )
  • Paris, Texas - De Paardenkathedraal (2006)
  • Fam. - Hogeschool voor de Kunsten Utrecht (2006)
  • Blowing - Tryater (2005)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]