Kening Lear
Kening Lear, yn it oarspronklike Ingelsk King Lear, wurdt beskôge as ien fan de grutte trageedzjes fan William Shakespeare. It stik is basearre op it legindaryske ferhaal fan kening Llyr dy't yn 'e kontreien fan it tjinstwurdige Ingelân yn de pre-Romeinske tiid de skepter swaaide.
Plot [bewurkje seksje]
It ferhaal fan kening Lear giet oer oergeunst, trou en ûntrou, macht en ûnmacht, striid en oerjaan. It stik begjint as kening Lear beslút om syn troan der oan te jaan, en syn keninkryk te ferdielen ûnder syn trije dochters: Gonerill, Regan en Cordelia. De âldste twa binne troud, mar Cordelia, heites leafste, wurdt troch mannich man begeare as breid. Lear besiket syn takomst feilich te stellen, troch earst fan elts fan syn dochters in blyk fan leafde te freegjen, mar dat mislearret. Cordelia wegeret it spultsje mei te spyljen en de kening ferdielt har oandiel oer de beide âldsten. Cordelia wurdt ferstjitten, al wol de kening fan Frankryk ek dan noch mei har trouwe.
Mar sadree't Lear ôfstân dien hat fan de troan, binne it de beide âldste dochters dy't harren tsjin him keare. Ek ûnderling krije Goneril en Regan skeel, krekt op it tiidstip dat se har ferdigenje moatte tsjin in Frânsk leger ûnder lieding fan Cordelia, stjoerd om Lear wer op de troan te krijen.
In oare plot giet oer de beide soannen fan de greve fan Gloucester, Edgar, de goede, en Edmund, de kweade. Troch leagens yn it rûn te struien, soarget Edmund der foar dat syn healbroar Edgar de wyk nimme moat. As Edmund letter yn swier waar komt trochdat er it oanleit mei Goneril en Regan, wurdt hy troch de ferstjitten healbroer fan 'e dea rêden.
Op 'e ein fan it stik komme sawol Lear as Cordelia om it libben.
Fryske oersetting [bewurkje seksje]
King Lear waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma ûnder de titel Kening Lear en yn 1969 publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VII. Yn 2003 waard de (wat stavering oangiet by de tiid brochte) oersetting werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer op 'e Gordyk, yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|