Macbeth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reklame foar in toanielútfiering yn 'e Feriene Steaten1884)

Macbeth, nei it stik mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk (folút: The Tragedy of Macbeth, "De Trageedzje fan Macbeth"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt beskôge as ien fan syn grutte trageedzjes en it is teffens syn koartste. Macbeth fertelt it ferhaal fan 'e Skotske legeroerste mei deselde namme, oan wa't foarsein wurdt dat er ienris kening fan Skotlân wurde sil. Op oantrún fan syn frou en syn eigen withoegrutte ambysje fermoardet er dan de kening om 'e profesije útkomme te litten. Syn regear wurdt lykwols oerskade troch syn skuldgefoelens, dy't al mei gauwens oanboazje ta in wiere efterfolgingswaansin. Hy ûntpopt him ta in tiran dy't almar mear bloed ferjitte moat om oan 'e macht te bliuwen, oant er úteinlik ynhelle wurdt troch syn eigen misdieden en tragysk oan syn ein komt.

De rol fan frouwe Macbeth wurdt sjoen as ien fan 'e meast útdaagjende rollen foar aktrises yn Shakespeare syn oeuvre. Under toanielakteurs giet trouwens wrâldwiid it byleauwe om dat der in flok op dit toanielstik rêst, en dat it ûngelok bringt as men de titel lûdop útsprekt. Dêrfandinne dat it yn sokke fermiddens yn 'e regel oantsjut wurdt as "it Skotske stik". Shakespeare basearre Macbeth op in ferhaal dat er út Holinshed's Chronicles hie, in skiednis fan 'e Britske Eilannen út 1587. Der moat opmurken wurde dat it toanielstik hiel oars is as it libben en regear fan 'e echte, histoaryske kening Macbeth fan Skotlân. Macbeth is skreaun tusken 1603 en 1607, en wurdt ornaris datearre yn 1606. De ierst bekende opfiering wie yn april 1611 en it waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting, fan Douwe Kalma, datearret fan 1932.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Macbeth, de thane (in âlde Angelsaksyske aadlike titel likernôch ekwivalint mei greve) fan Glamis, dy't as famyljelid fan kening Duncan it Skotske leger oanfiert, hat krekt in Noarsk-Iersk leger ferslein, en teffens guon opstannige Skotske eallju dy't har dêrby oansletten hiene, wêrûnder de thane fan Cawdor. Hy is mei syn ûnderbefelhawwer Banquo ûnderweis werom nei de kening, as dy beiden by swierwaar midden op 'e heide in trijetal heksen treffe. Dy neame Macbeth net inkeld thane fan Glamis, mar ek fan Cawdor, en foarsizze dat er kening fan Skotlân wurde sil. As Banquo oer syn eigen foarlân freget, foarsizze se dat hy de stamheit fan in laach fan kenings wurde sil, mar sels net op 'e troan komme sil. Fuort dêrnei ferdwine de heksen en dan komt in oare ealman, Ross, oanriden, dy't fertelt dat de kening Macbeth de titel fan thane fan Cawdor taparte hat, mei't de âlde thane fan Cawdor terjochtsteld wurde sil foar heechferrie. As dêrmei it earste part fan 'e foarsizzing útkommen is, begjint daliks Macbeth syn ambysje op te spyljen, dat hy begjint te longerjen op it keningskip, al is er noch ûnwis hoe't er de saken oanpakke moat.

Macbeth en Banquo komme foar it earst de heksen tsjin.

Kening Duncan priizget Macbeth en Banquo foar it ôfslaan fan 'e ynfaazje en kundiget oan dat er oernachtsje sil yn Macbeth syn kastiel te Inverness. As frouwe Macbeth fan 'e foarsizzing heart, is sy like ambisjeus as har man, mar hat se neat fan syn ûnwissichheid. Se stiet der by him op oan om 'e kening dyselde nachts noch dea te dwaan. Dat Macbeth stekt Duncan yn syn sliep dea, mar is dêrnei sa skokt oer wat er dien hat, dat syn frou it hêft yn 'e hannen nimme moat. Hja pleatst beblette daggen yn it besit fan twa dronkenfierde keamerlingen. As de oare moarns de trouwe Macduff, de thane fan Fife, arrivearret en ta de kening syn fertrekken talitten wurdt, ûntdekt dy de moard. De bluodderige moardwapens wurde by de keamerlingen fûn, en dan beart Macbeth dat er út lulkens oer de lêfe moard syn selsbehearsking ferliest; hy slacht de beide jongfeinten dea. Syn wiere reden is lykwols om foar te kommen dat se harren ûnskuld bewize kinne. Mei dizze die wekket er fuortendaliks Macduff syn erchtinkendheid op, mar dy hâldt dat foar him. As de moard op 'e kening bekend wurdt, ûntflechtsje dy syn soannen Malcolm en Donalbain, dy't dan foar harren eigen libbens freezje, it lân, de iene nei Ingelân, de oare nei Ierlân. Harren flecht, lykwols, makket dat se fertocht wurde fan 'e moard, en sadwaande net mear yn oanmerking komme foar de troan. Dêrop wurdt Macbeth, as famyljelid fan Duncan, ta kening útroppen.

Hoewol't de profesije no útkommen is, bliuwt Macbeth ûntefreden, mei't de foarsizzing oan Banquo him gjin rêst lit. Hy beseft dat er nea noflik wêze sil foar't er makke hat dat Banquo gjin neiteam hawwe sil, dat hy hiert in pear moardners yn en stjoert dy op Banquo en dy syn soan Fleance ôf. It slagget harren en doch Banquo dea, mar Fleance wit te ûntkommen. As er letter mei syn eallju oan it jimmet sit, sjocht Macbeth de geast fan Banquo en jaget er syn gasten de stupen op it liif troch in tirade te hâlden tsjin in lege stoel (mei't hy de iennichste is dy't de geast sjen kin).

Macbeth sjocht de geast fan Banquo.

Macbeth is no syn rie te'n ein, dat hy giet werom nei de heksen en freget harren om 'e wierheid fan harren profesijen oan him te iepenbierjen. Ta beskie warskôgje se him om op te passen foar Macduff, en foarsizze se dat nimmen him kwea dwaan kinne sil dy't út in frou berne is, en dat syn regear fêststean sil oant de Grutte Bosk fan Birnam nei syn kastiel op 'e Heuvel fan Dunsinane opmarsjearje sil. Dat stelt Macbeth gerêst, want hy wit dat alleman út in frou berne is en dat in bosk nea marsjearje sil. Mar hy freget ek oft Banquo syn neiteam ea yn Skotlân regearje sil, en by wize fan antwurd toane de heksen him in rige fan acht keningen, wêrfan't de lêste in spegel yn 'e hân hâldt dy't noch folle mear keningen wjerspegelet. Macbeth beseft dat acht fan Banquo syn neikommelingen yn Skotlân op 'e troan komme sille, wylst withoefolle oaren om utens regearje sille. As er koarte tiid letter berjocht kriget dat Macduff nei Ingelân ta flechte is, ferjit Macbeth lykwols it alderearste part fan 'e nije foarsizzing, en jout er opdracht om Macduff syn kastiel yn Fife yn te nimmen en eltsenien dêryn ôf te slachtsjen, Macduff syn frou en jonge bern ynbegrepen.

Underwilens hat frouwe Macbeth lêst krigen fan har gewisse. Uteinlik wurdt hja alhiel sljochtsinnich. Se mient mar dat har hannen ûnder it bloed sitte en besiket se allegeduerigen skjin te waskjen, mar dat wol mar net slagje. Dit is in iroanyske omdraaiïng fan har eardere bewearing tsjin Macbeth dat "[in] bytsje wetter [...] ús fan dizze die [skjinwasket]." Uteinlik slacht se de hân oan harsels, wat Macbeth ta in djippe depressivens en wanhope bringt.

Yn Ingelân is Macduff wilens berjochte oer de dea fan syn frou en bern. Hy hat wraak sward en him oansletten by prins Malcolm, Duncan syn âldste soan, dy't in leger byinoar brocht hat fan útwykte Skotske eallju en Ingelske bûnsgenoaten, oanfierd troch de Ingelske grever fan Northumberland. Hja falle Skotlân binnen en tsjogge op nei Inverness. Wylst se yn 'e Bosk fan Birnam bivakkearje, snije de soldaten fan it leger tûken fan 'e beammen ôf om har mei te kamûflearjen. Sa geane se op it Kastiel fan Dunsinane ta, en Macbeth beseft dan dat de bosk yndie tsjin him opmarsjearret, en dat de lêste foarsizzing fan 'e heksen al heal útkommen is. De slach fynt plak en berikt syn hichtepunt as Macduff foar Macbeth oer komt te stean. Macbeth swetst dat gjin man dy't út in frou berne is, him kwea dwaan kin, mar dan fertelt Macduff him dat hy net berne is, mar troch in keizersneed te wrâld kommen is. Macbeth beseft te let dat er de wurden fan 'e heksen misbegrepen hat, en Macduff slacht him de holle ôf. Neitiid wurdt Malcolm, en net Banquo syn soan Fleance, sa't Macbeth freze hie, kening fan Skotlân (mar Shakespeare syn ier santjinde-ieuske publyk wist dat Jakobus VI fan Skotlân, ek bekend as Jakobus I fan Ingelân, neffens de leginde fan Banquo ôfstamme).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Macbeth waard yn 1932 oerset yn it Frysk troch Douwe Kalma en útjûn (ûnder de misstavere titel MacBeth) troch útjouwerij Brandenburgh & Co. te Snits, as diel 27 fan De Fryske Bibleteek. Yn 1969 makke dizze fertaling ûnderdiel út fan 'e omnibus Shakespeare's Wurk Dl. VII, in útjefte fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, MacBeth, Snits, 1932 (Brandenburgh & Co.), gjin ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.
Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater