Edmund Izerkant (toanielstik)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Edmund Izerkant, yn it Ingelsk: Edmund Ironside (folút eins: Edmund Ironside, or: War Hath Made All Friends, "Edmund Izerkant, of Oarloch Hat in Elk ta Freon Makke"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat basearre is op it bewâld fan 'e Ingelske kening Edmund II, byneamd Edmund Izerkant, dy't koart regearre yn it jier 1016. It stik waard yn 'e Elizabetaanske Tiid nea publisearre en it is ûnwis wannear't it skreaun is, mar literêr histoarikus Eric Sams datearret it yn 1587. It iennichst bekende manuskript is op 'e noed fan it Britsk Museum.

Shakespeariaansk auteurskip[bewurkje seksje | edit source]

Teminsten trije saakkundigen, Sams, Peter Ackroyd en E.B. Everitt, wolle hawwe dat Edmund Izerkant in ier — of miskien wol it ierste — wurk fan 'e grutte toanielskriuwer en dichter William Shakespeare is, dêrby wizend op sterke gelikenissen mei Titus Androanikus, wêrfan't fêststiet dat it in iere Shakespeariaanske trageedzje is. Edmund Izerkant wurdt sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Knút de Grutte (in Ingelsk kening út it Deenske Hûs fan de Knútlingen dy't regearre fan 1016 oant 1035) hat te krijen mei in opstân fan 'e lânseigen Angelsaksyske befolking, ûnder lieding fan Edmund Izerkant. Sûnder dat se it witte, hawwe se lykwols in mienskiplike fijân, in ferriedlik ealman dy't fan Edricus hjit, en dy't fan doel is en gryp de kroan foar himsels.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Logan, Terence P. en Smith, Denzell S. (red), The Popular School: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1975 (University of Nebraska Press); s. 157-62.
  • Sams, Eric, Shakespeare's "Edmund Ironside": The Lost Play, Wildwood Ho, 1986, ISBN 0 70 45 05 479.
Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater