John Oldcastle (toanielstik)

Ut Wikipedy
John Oldcastle
algemiene gegevens
oarspr. titel John Oldcastle
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <1600
1e publikaasje 1600, Londen

John Oldcastle, yn it Ingelsk: Sir John Oldcastle (eins folút: The First Part of the True and Honorable History of the Life of Sir John Oldcastle, the Good Lord Cobham, "It Earste Diel fan de Wiere en Earbere Skiednis fan it Libben fan John Oldcastle, de Goede Hear fan Cobham"), is in histoarysk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid.

It giet oer John Oldcastle, in kontroversjele ealman, opstanneling en ketter (lollard) út 'e lette fjirtjinde en iere fyftjinde iuw, dy't yn 1417 ophongen en ferbaarnd waard foar ketterij, en dy't troch in protte lju fan nei de Reformaasje sjoen waard as in proto-protestantske martelder. It is ûndúdlik wannear't John Oldcastle krekt skreaun is, mar it stik waard yn elts gefal foar it earst publisearre yn 1600, troch útjouwer Valentine Simmes foar boekferkeaper Thomas Pavier.

Auteurskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1619 ferskynde der in twadde útjefte, wêrby't it wurk oan 'e wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare taskreaun waard. Mei't yn it deiboek fan Philip Henslowe, dy't blykber opdracht joech ta it skriuwen fan John Oldcastle, fernijd wurdt dat it stik ynstee it resultaat wie fan in gearwurking tusken Anthony Munday, Michael Drayton, Richard Hathwaye en Robert Wilson, liket de taskriuwing oan Shakespeare gjin hout te snijen. (Henslowe notearre letter ek noch dat er Drayton betelle hie foar it twadde diel fan it stik, dat net oerlevere is; sadwaande wurdt it besteande toanielstik ek wol John Oldcastle, Diel 1 neamd.) Dochs waard it stik yn 1664 mei seis oaren troch útjouwer Philip Chetwinde opnommen yn 'e twadde printinge fan 'e saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk, en wurdt it sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.

Shakespeare en Oldcastle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet wol in oare link tusken Shakespeare en John Oldcastle: it personaazje fan 'e korrupte âld ridder John Falstaff, dat foarkomt yn twa fan Shakespeare syn keningsstikken (Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2) en ien fan syn komeedzjes (De Fleurige Wyfkes), skynt oarspronklik John Oldcastle hjitten te hawwen. Falstaff komt yn dy stikken nei foarren as net sa'n fraai hearskip. De namme John Falstaff wie basearre op 'e histoaryske John Falstolf, dy't oars as Oldcastle sûnder neiteam stoar, sadat nimmen der oanstjit oan naam dat Shakespeare syn namme troch it slyk helle.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dominik, Mark, A Shakespearean Anomaly: Shakespeare's Hand in "Sir John Oldcastle", Beaverton, Oregon, 1991 (Alioth Press).
  • Halliday, F.E., A Shakespeare Companion 1564-1964, Baltimore, Maryland, 1964 (Penguin).
  • Scoufos, Alice-Lyle, Shakespeare's Typological Satire: A Study of the Falstaff/Oldcastle Problem, Athens, Ohio, 1971 (Ohio University Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater